NIJS   03-04-2013


Ryk én Provinsje no oan set foar Omrop

Substansjeel mear jild nedich foar programma's

 Annigje Toering 2012 05  

 

Sawol it Ryk as de Provinsje Fryslân binne no oan set om Omrop Fryslân te stypjen mei in bydrage. Dat moat in folsleine en alsidige programmearring mooglik meitsje. Dat seit de FNP as reaksje op it rapport fan de Kommisje-Hoekstra.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Taal Kultuer en Media 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

  

De Kommisje-Hoekstra pleitet foar in spesjale posysje foar de Omrop yn it mediabestel mar steatssiktaris Dekker wol dêr neat fan witte. Mei it ekstra jild kinne de besunigings fan de lêste jierren dy't doe en no te'n koste gongen binne fan de programma's en de stjoertiid, skrast wurde.

 

Neffens FNP fraksjefoarsitter Annigje Toering is de Omrop sa wichtich foar Fryslân en it Frysk, dat it Ryk en de provinsje hjir wol substansjeel mear jild oan besteegje moatte. ‘Wy binne bliid mei de arguminten dy't Hoekstra yn syn adyvs oan de minister jout. Lykwols sûnder ekstra finansiering kinne de Fryske ambysjes mei de Frysktalige stjoerder net wier makke wurde. It is te gek foar wurden dat muzyk- en sportprogramma's no ferfalle moatte troch te min jild. De oerheden moatte har ferantwurdlikheden wiermeitsje'

 

Toering: De Fryske taal en kultuer binne in spesjale kearntaak fan de provinsje Fryslân en de Omrop is dêrby ien fan de wichtichste saken, foar it belied mar benammen foar de Friezen. It Ryk kin syn ferplichtings ten oansjen fan de alsidige en folsleine programmearing yn de Twadde Rykstaal dan ek net wier meitsje as de Omrop op termyn opgiet yn in lannelike organisaasje en finsterprogrammearing.  Hoekstra hat dat knap ferwurde.'



Downloads:
Rapport kommisje-hoekstra media-omrop


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer