NIJS   29-06-2013


€ 50 miljoen foar ympuls Fryske wenningmerk

Plan Fryske koalysje FNP, PvdA, CDA

visser 1   

PvdA, CDA en FNP wolle in ympuls jaan oan de Fryske wenningmerk en dêrta € 50 miljoen fan de NUON-middels beskikber stelle. "De ontwikkelingen in de demografie en in de zorg vragen om een oplossing op het gebied van wonen," sa seit PvdA Steatelid Tjerk Voigt. "We willen daarom de woonkwaliteit verbeteren en duurzamer maken."

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtlike Oardering en Wentebou 

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

Trochsteaming

Dêrnjonken moat de ympuls de wenningmerk wer mear yn beweging bringe. "Op dit moment stagneert de woningmarkt, er is geen doorstroming," seit CDA Steatelid Johan Apperloo. "Dat komt voor een deel doordat mensen moeite hebben om de financiering voor hun woning rond te krijgen. Daar willen we graag verandering in brengen." Neist in kwaliteitsferbettering leveret de ynvestearring fan € 50 miljoen ek legere lesten op foar bewenners en wenningkorporaasjes, omdat de wenningen duorsumer wurde.

 

Karakteristike pannen

Binnen de € 50 miljoen moat ek socht wurde nei romte foar it behâld fan karakteristike pannen en lytsskalige lânskipseleminten. FNP Steatelid Jan Visser: "It is wichtich dat wy ús Frysk kultureel erfguod behâlde." By de behanneling fan de Kadernota 2014 op 3 july 2013 wolle PvdA, CDA en FNP útstelle om € 50 miljoen beschikbeer te stellen foar de wenningmerk. Ek wolle de trije partijen it Kolleezje freegje om de gefolgen fan de demografyske ûntwikkelingen, de winske trochstreaming en de feroarings yn de soarch neier te ûndersykjen. Ein 2013 moatte de resultaten fan dat ûndersyk bekend wêze.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer