NIJS   06-09-2013


FNP: positive enerzjy KH2018 geweldich foar Fryslân

Krêft fan de Fryske mienskip om meiinoar sa fier te kommen

 Annigje Toering 2012 05  

No't Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 yn Europa wurdt, kinne ynspirearjende projekten lykas Lân fan Taal lang om let útfierd wurde. De positive enerzy dy't KH2018 losmakke hat, toant de selsbewustens en krêft fan de Fryske mienskip om meiinoar in soad te berikken, los fan wat oaren sizze, sa seit FNP wurdfierder Annigje Toering. 

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Kultuer

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

  

De Steatefraksje fan de FNP stelt dat Fryslân de positive enerzjy dy't om KH2018 hinne ûntstien is no beethâlde moat. ‘Allinnich al de reuring der om hinne, is presys wat wy foar Ljouwert en Fryslân foar eagen hiene. It is geweldich dat wy sa fier kommen binne. Sa blykt mar wer dat as de mienskip de krêften bondelet, jo it dûbele berikke kinne. Neist de projekten sels giet it om it stik bewustwurding dat jo meielkoar sa'n soad berikke kinne.

 

Dit helpt fierder enorm om it byld fan Ljouwert en de eigen krêft fan Fryslân goed del te setten. Der is in hiel soad kreativiteit losmakke. It jild dat reservearre is foar KH2018 moat no beskikber komme. Net allinnich oant 2018 mar ek fier dêrnei moat it rendemint foar kultuer,  mienskip en ekonomy opsmite. Sa hawwe wy dat ek ôfpraat' seit Annigje Toering.

 

Projekten lykas it eksposintrum Lân fan Taal, de ûntwikkeling fan de Blokhúspoarte ta kreatyf brûsplak, Explore the North of Potatoes Go Wild kinne no trochset wurden. Fryslân mei syn eigen sterke punten delsette as in iepen mienskip yn de wrâld, dêr wol de FNP mei trochgean. It is neffens de partij hiel wichtich dat Fryslân en Ljouwert no yn hiel Europa yn it ljocht steane. It opboude selsbetrouwen en in ynspirearjend wen- en leefklimaat mei in soad kultuer binne fan grut belang foar de takomst fan ús mienskip en ekonomy, fynt Toering.



Downloads:
Glückwunsch ssw ljouwert kh2018


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer