NIJS   15-03-2014


Frijbûtser yn teken fan ferkiezings

Ferkiezingsnûmer no online en troch de bus

Ultsje Hosper portret   

De Frijbûtser fan maart stiet alhiel yn it teken fan de ferkiezings. Der wurdt rûnom winst ferwachte foar de lokale en regionale partijen. De listlûkers fan 13 FNP-ôfdielings presintearje har mei de spearpunten foar har gemeenten. De PR kommisje stipet de partij mei radio- en TV spots en sosjale media. Yn ferskate ôfdielings is no in FNP ferkiezingswinkel.

 

Lykas op it Bildt wurket de FNP no ek gear mei in lokale partij yn de Stellingwerven. De Steatefraksje docht ferslach fan in earste slagge wurkbesite mei Weststellingwerf Natuurlijk. Mei temajûnen wurdt ek al wurke oan de tarieding fan de Steateferkiezings. Ta beslút sjocht Sybren Posthumus foarút nei de Europeeske ferkiezings op 22 maaie.

 

Ultsje Hosper, partijfoarsitter

Reaksje? Mail ultsje.hosperfnp.frl

 

Klik hjir nei de Frijbûtser fan maart



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer