![]() |
De FNP hat moandei 17 novimber in besite brocht oan it soarchsintrum " Spiker" yn Ternaard. Op termyn wol Pasana dit soarchsintrum ticht dwaan.
|
![]() |
De FNP woe bewenners en personiel fan it sintrum mei in stikje oranjekoeke in hert ûnder de riem stekke, mar benammen ek dúdlik meitsje dat it mei de soarch yn Fryslân sa net goed komt.
|
![]() |
De soarch is in spearpunt fan de FNP yn de ferkiezingskampanje foar de Provinsjale Ferkiezingen op 18 maart 2015. De partij is fan betinken dat elemintêre saken as wenjen, soarch, ûnderwiis en kultuer weromjûn wurde moat oan de ynwenners. Benammen op it gebiet fan de soarch en de sikenhûssoarch moat it ferlet fan de minsken sels foarop stean.
|
![]() |
Oanwêzich wiene Pytsje de Graaf, FNP wethâlder gemeente Dongeradiel (links), de lokaasjemanager Sjoukje Rottiné fan Spiker (midden) en fraksjefoarsitter Annigje Toering fan de FNP yn Provinsjale Steaten (rjochts).
|
![]() |
Annigje Toering spruts de minsken ta. Neffens de FNP is it sluten fan de fjouwer soarchsintra yn Noardeast-Fryslân in foarbyld hoe't it net moat. "Want datselde kin ek samar yn oare regio's barre. De bestjoeren fan de organisaasjes dy't soarch oanbiede, sa as Pasana, binne no baas. De mienskip stiet machteleas. Dat moat oars. De FNP wol ha dat it foech oer de soarch yn hannen komt fan de provinsje, sadat de soarch wer fan ûnderen op yn de mienskip organisearre wurde kin."
|
![]() |