Jan Visser hat om persoanlike redenen besletten om per direkt in punt te setten efter it Steatelidmaatskip. Hy is ek net mear beskikber foar in nije perioade. Anna Martha van der Mei nimt syn plak yn de steatebankjes oer. Van der Mei wie fan 2011 oant 2012 al earder Steatelid en wie dêrfoar wethâlder foar de FNP.
Fraksjefoarsitter Annigje Toering fynt it tige spitich mar seit de persoanlike kar fan Jan Visser te respektearjen. Der wie gjin breuk mei de fraksje. ‘Wy hawwe hieltyd yn goed oerlis en betrouwen meiinoar wurkje kind.' Se tinkt dat Anna Martha van der Mei troch har eardere ûnderfining as fraksjelid yn de Steaten de portefúlje fan Visser goed oernimme kin. It giet om de ûnderwerpen Romtelike Oardering, Wenjen, Mynbousaken en Wetterbelied.
Foar mear ynformaasje nei oanlieding fan dit parseberjocht kinne jo kontakt opnimme mei
Annigje Toering, fraksjefoarsitter FNP Steatefraksje
tillefoan 06-51247182