NIJS   19-11-2022


Jan Arendz nije foarsitter FNP Fryslân

Jan Arendz fan Beetstersweach is de nije foarsitter fan FNP Fryslân.

Hy nimt de funksje oer fan Annigje Toering fan Mantgum, dy’t sûnt maaie interim-foarsitter wie. Arendz (1964, De Feanhoop) wurket as selsstannich kommunikaasje-adviseur en wie foarhinne sjoernalist by de Ljouwerter Krante.
 
‘’As ûnôfhinklik sjoernalist ha ik nea partij keazen. Nei tsien jier wurkjen foar it iepenbier bestjoer past my dat wol’’, seit Arendz. ‘’It is tiid om as frijwilliger wat werom te dwaan foar de Fryske mienskip. Troch de fernijing en ferjonging by de FNP ha ik ûntdutsen dat ik dat by dy partij dwaan kin en wol.’’
 
De FNP-leden keazen freedtejûn ek in nije skriuwster. Aeltsje de Groot fan Stiens nimt it stokje oer fan Wietske Poelman fan Bûtenpost, dy’t riedslid yn Achtkarspelen wurden is. Earder dit jier namen ek Wouter Wouda (De Fryske Marren) en Janneke de Boer (Ljouwert) ôfskied fan it bestjoer omdat hja yn harren gemeente riedslid waarden.
 
It haadbestjoer bestiet no út: Jan Arendz, Annigje Toering, Aeltsje de Groot, Jan Benedictus (ponghâlder, Boelensloane) en Marcel van der Wal (Aldegea Smellingerlân). 


Tags: Algemien, Partijnijs

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer