Startnotysje
De fraksje stelt fêst dat ambacht en fakmanskip net eksplisyt yn de startnotysje fan it Kolleezje oer Ekonomy stiet. Lykwols dat is in hiel wichtich punt, sa seit wurdfierder Sybren Posthumus: ‘Der is of driget yn Fryslân in grut tekoart oan fakminsken. Der binne ek al bedriuwen dy't dêrom sels al bedriuwsskoallen hawwe. Yn 2019 joech ien op de seis bedriuwen yn Fryslân oan dat der produksjebeheinings wienen troch in tekoart oan fakkundich personiel. Wy wolle dat de Provinsje hjir rekkening mei hâldt.'
Human Capital
It is dêrby neffens Posthumus net allinnich fan belang is dat personiel teoretyske kennis hat mar dat ek omsette kin yn de praktyk. ‘In goede timmerman, skilder, elektrotechnikus is goud wurdich. Troch dizze minsken op te lieden is Fryslân der aanst klear foar as de ekonomy wer oanlûkt. Wy freegje dêrom yn de nota by it ûnderdiel ‘Human Capital' in eksplisyt plak te jaan oan de ambachtsekonomy en fakmanskip.'