NIJS   14-03-2018


FNP mei 6 minsken nei EFA-kongres yn Beieren

Op 13 en 14 april 2018 sil de FNP mei 6 minsken dielnimme oan it EFA-kongres yn Landshut (Beieren). Op dizze jierlikse saneamde General Assembly fan de Europeeske regionale partijen komme nei ferwachting hûnderten dielnimmers út tsientallen Europeeske regio's.

De FNP sil fertsjintwurdige wêze troch fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan de FNP Steatefraksje, de steateleden Wopke Veenstra en Sybren Posthumus, FNP partijfoarsitter Cees van Mourik, haadbestjoerslid Cees Nieboer en EFA-bestjoerslid Olrik Bouma.

 

Op it kongres stelt de EFA it ferkiezingsprogramma fêst foar de ferkiezingen fan it Europeesk Parlemint begjin 2019. By dy gelegenheid komt in grut tal moasjes en amendeminten oan de oarder. De FNP is ek fan doel en tsjinje in tal moasjes yn.

 

Neist it ferkiezingsprogram en de moasjes is der fansels de Algemiene ledegearkomste fan de EFA (European Free Alliance, www.e-f-a.org ). Dit jier giet it ûnder oaren oer de status fan de EFA as Europeeske Politike Partij yn de Europeeske Uny en de feroaring fan de bekostiging fan de politike partijen yn it Europeesk Parlemint.

 

De EFA wol der krekt as de FNP op ta dat der Europeeske kieslisten komme oer de tradisjonele lânsgrinzen hinne. In Fries yn Frjentsjer soe dan bygelyks ek op in kandidaat fan de EFA út Korsika  stimme kinne, dat kin no net; men kin yn Nederlân allinnich op Haachske partijen stimme. Der is kâns dat dat feroaret, no't ek oare partijen yn it Europeesk Parlemint in mooglikheid sjogge om mei saneamde transnasjonale kieslisten it demokratysk gehalte fan Europa te ferbetterjen.

 

De Europarlemintspartij EFA is fertsjintwurdige yn it Europeesk Parlemint mei 12 sitten. De FNP is mei hast 50 oare partijen út Europa lid fan de EFA en sit de folle 37 jier dat de EFA bestiet al yn it bestjoer.

  



Downloads:
Draft agenda EFA 2018


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer