NIJS   17-02-2023


FNP op wurkbesite by Op De Him yn Jorwert

Hjir buorkje Auke en Rennie Stremler oars en mei each foar de natuer. Op in unyk plak, omjûn troch landerijen fol fan greidefûgels stiet dizze boer yn ferbining mei de konsumint. Yn harren winkeltsje by de pleats ferkeapje se produkten fan harren eigen bisten. Dit oanbod is oanfolle mei oare streekprodukten.



Wat makket de pleats jimme thús?  
Oan de râne fan de Lionserpolder stiet in pleats dy't ferskate generaasjes yn besit is fan de Stremlers. Yn 2009 goaiden Auke en syn frou it roer om en stapten se fan ‘gewoan buorkjen' oer op biologysk buorkjen mei Grinzer blierkoppen. In perioade folge, wêryn in soad op harren ôf kaam. Troch goed gear te wurkjen mei ferskate partijen is de omslach in sukses wurden. Sûnt 2017 binne se sertifisearre biologysk.

Yn de takomst hopet Auke dat se harren libbenswurk oerdrage meie oan harren soan, dy't oan de hegere lânbouskoalle ôfstudearre is: biologysk buorkjen. De lokaasje fan harren pleats, frij, midden yn de natuer en wat achterôf makket dat de pleats harren thús is.  

Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte? 
"Der is op it stuit in protte ûndúdlikens foar de agraryske sektor. Dit moat feroarje. Der moatte dúdlike en goede regels komme. Regels der‘t de sektor mei foarút kin. Derneist is it foar de jongerein dreech om oan in wenning te kommen. Der soene huzen foar starters komme moatte, sa dat ek sy yn Fryslân wenje kinne."  

Hast in oprop oan de polityk?  
"Soargje dat de agraryske sektor bestean bliuwe kin."   

 

 

Gerben van der Mei, Nynke-Hinke Rintjema, Tryntsje Albada

Tags: Bioferskaat, Buorkje yn Fryslan, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer