16 May 2023

Foar de leefberens yn Fryslân binne fitale stêden en doarpen essinsjeel. Dêr komme in soad funksjes by inoar: winkels, hoareka, kultuer, toerisme, rekreaasje ensfh. In saneamd keapstreamen-ûndersyk biedt ynsjoch yn it gedrach fan konsuminten. Wêr geane minsken hinne, wêrom no krekt dêr en wêr komme dy konsuminten wei?

It lêste keapstreamen-ûndersyk yn Fryslân wie yn 2017, mar sûnt dy tiid is de wrâld aardich feroare. Digitale (besoarch-) tsjinsten en koroana bygelyks hawwe it gedrach fan konsuminten beynfloede.

Dêrom sille de FNP, JA21, BBB en de VVD by de kommende gearkomste fan Provinsjale Steaten op 31 maaie 2023 Deputearre Steaten fan Fryslân fersykje om it keapstreamen-ûndersyk út 2017 te aktualisearjen.

Mei de útkomsten dêrfan kinne de Fryske gemeenten, ynwenners en ûndernimmers (retail, hoareka en kultuer) dan oan de slach om mei-inoar ek yn de takomst de leefberens fan stêden en doarpen te ferbetterjen.

Tekst: JA21, oersetting FNP



Tags: