5 August 2019

De FNP wol witte hoe’t it krekt sit mei in liening oan kwekerij Hartman yn Seisbierrum. Neffens berjochten yn de media soe yn jannewaris dit jier € 800.000 ferliend wêze. De FNP wol witte wat de rjochtfeardiging foar dy liening is, om ‘t der earder al miljoenen euro’s ferlies west hat by it projekt Waadglês.

“Ekstra ferlies nei projekt Waadglês?” (Sybren Posthumus)

Yn striid mei belied?
Ofrûne freed (2 augustus) stie yn it Friesch Dagblad op de foarside in artikel mei as titel ‘Sluiting dreigt voor kweker A.C. Hartman’. Yn de lêste alinea stiet ‘Bij de herfinanciering in januari blijkt nu ook dat de provincie Fryslân acht ton heeft geleend aan TFFG’. Dat hat by de FNP-Steatefraksje de nedige fragen oproppen, omdat sa’n liening yn striid wêze soe mei it jildende belied fan de provinsje Fryslân, fêststeld yn oktober 2018, om yn prinsipe gjin lienings mear te jaan oan bedriuwen en/of ynstellings.

Ynformaasje
Fierder wol de FNP witte hoe’t it sit mei it jaan fan ynformaasje oer de kwestje oan de Steaten. Wannear is de ynformaasje mei de Steaten dield? Yn it lêste fuortgongsberjocht fan maaie is net oer in liening praat. De FNP-fraksje wol fierder noch witte hoe’t it sit mei in ynformaasjegearkomste. Neffens in berjocht yn it Friesch Dagblad fan hjoed (5 augustus) soenen de finansiers ôfrûne freed (2 augustus) byelkoar west hawwe om oer de ûntstiene situaasje te praten. Hat in delegaasje fan de provinsje Fryslân ek by dat petear west, mei it each op har belangen (de liening fan € 800.000)? En wat hat dêrby de ynstek west fan de provinsje.

Wurkgelegenheid
Neffens it berjocht yn de krante driget sluting, mar binne noch tsientallen minsken foar Hartman/TFFG oan it wurk. De FNP wol dat de provinsje Fryslân him ynset foar de wurknimmers en freget it Kolleezje wat sy foar de belutsen minsken dwaan kin.

Schriftelijke vragen over lening provincie aan Hartman/TFFG 

Antwoorden op schriftelijke vragen



Tags: Buorkje yn Fryslan