28 August 2019

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan Deputearre Steaten oer it provinsjale subsydzje foar de werbestimming fan de Adelaartsjerke. De ynterne behearsking by de Provinsje fan ynformaasje oer subsydzjes liket net op oarder. Seker no’t bliken docht dat € 140.000 dy’t yn 2016 al oan in projektûntwikkelder oermakke is, werom foardere wurde moat.

“Provinsje moat skerper wêze op mienskipsjild” (Corlienke de Jong)

Mienskipsjild

Oanlieding foar de fragen fan FNP-wurdfierder Corlienke de Jong binne de wiidweidige berjochten yn de Ljouwerter Krante oer de betiidzjende situaasje om de werûntwikkeling fan de Adelaartsjerke hinne. De Jong fynt it hiel frjemd dat de Provinsje sels nei in wike noch net oanjaan koe wat de status fan de subsydzje-oanfraach krekt wie. ‘It giet wol om mienskipsjild. De Provinsje moat dêr skerper op wêze as bliken docht dat projektûntwikkelders wol it jild opstrike mar dêrnei de boel gau wer trochferkeapje. Underwilens is der fan de werbestimming fan de tsjerke noch neat op’e hispel kaam.’ 

Subsydzjeregister

De Jong freget hoe’t de ynformaasje krekt fêstlein wurdt yn it provinsjale subsydzjeregister. ‘Kennelik is der noch wol it nedige te ferbetterjen. Ik wol witte oft der faaks noch folle mear fan sokke gefallen binne. It is ús no net dúdlik wa binnen it Provinsjehûs krekt ferantwurdlik is om de ynformaasje oer subsydzjes by te hâlden. Der moat in plak wêze dêr’t alles sa werom te finen is. Wat docht it Kolleezje der oan om dy systemen oan te skerpjen? Ik wol ek in oersjoch hoefolle subsydzjes der werom betelle wurde moatte’. 

Downloads:
FNP skriftlike fragen provincie wil geld kerk terug.pdf
Antwurdbrief op skriftlike fragen FNP



Tags: Algemien Polityk Bestjoer