23 February 2023

FNP set troch mei ynspirearjende kampanje

“FNP set troch mei ynspirearjende kampanje” (Twadde kear binnen ien jier nep-nijs tsjin FNP)

Yn oanrin nei de ferkiezings fan 15 maart binne op ferskate plakken yn de provinsje opfallende spandoeken delset mei it boadskip ‘De FNP stimt foar de wolf, wat stimst do?’ en ‘FNP aan de macht? Alleen de wolf die lacht!’ Neffens de minsken efter it boadskip hat ‘de FNP Fryslân […] al meerdere keren aangegeven dat het tegen het bestrijden van de wolf is.’

Dat is in leagen. De FNP hat him de ôfrûne jierren mear as hokker partij yn de provinsje ek ynset om oplossingen te sykjen tsjin de skea troch wolven. Dat moat lykwols wol binnen de wetlike mooglikheden. Want oft wy it no moai fine of net, de wolf is yn Nederlân in strang beskerme bistesoarte en ús provinsje kin dat net op eigen manneboet feroarje. Dêrfoar moatte earst nasjonale en Europeeske regels oanpast wurde.

Wat hat de FNP der de ôfrûne jierren oan dien?

As minsken in grut stek om Fryslân hawwe wolle, fan Lemmer oant Lauwerseach, dan moatte se net op de FNP stimme. De FNP siket oeral nei wat der mooglik is en struit minsken gjin sân yn de eagen.

Wy litte ús net fan de wize bringe troch in nep-kampanje. In Steatelid fan in kolleezjepartij ferspriedt op dit stuit aktyf des-ynformaasje oer it stânpunt fan de FNP omtrint de wolf. In jier lyn wie syn partijkollega twongen it Steatelidmaatskip op te jaan, omdat hy mei in nep-FNP-account falske uteringen oer de wolf die yn de sosjale media.

Mei help fan jimme allegearre, set de FNP troch mei in geweldige kampanje. Yn it belang fan Fryslân, foar in sterke mienskip mei in ryk ferieningslibben. Foar in Fryslân sûnder tsientûzenen ekstra huzen en sûnder in Lelyline. Mei wentebou nei aard, skaal en karakter, mei in goed berikber plattelân. Foar in duorsume en takomstbestindige lânbou.



Tags: Buorkje yn Fryslan Ferkiezings Natuer en lanskip