29 June 2022

Besluten wurde net nommen op strjitte mar yn it Provinsjehûs. De ynset fan de FNP foar Fryslân as lânbouprovinsje foar no en yn de takomst sil stevich wêze. Mar al op it plak dêr’t dat heart.

“Fêsthâlde oan de ‘Fryske oanpak'” (Sijbe Knol oer stikstof)

De FNP sil hjoed foar it provinsjehûs gjin ferklearring ûndertekenje. Wy begripe de soargen dy’t der binne en binne net wiis mei de rûte dy’t troch De Haach keazen is. De FNP hâldt fêst oan de eigen ‘Fryske oanpak’. Der is in oerskot oan stikstof yn de natoer en mei de sektor moatte wy ta nei in grûnbûne en ekstensivere foarm fan buorkjen. It perspektyf en de demokratyske legitimaasje moat dêryn foarop stean.

Besluten wurde net nommen op strjitte mar yn it Provinsjehûs. De ynset fan de FNP foar Fryslân as  lânbouprovinsje foar no en yn de takomst sil stevich wêze. Mar al op it plak dêr’t dat heart.

De FNP fraksje yn it Fryske Parlemint



Tags: Natuer en lanskip