11 November 2022

De FNP Steatefraksje hat fan ‘e moarn oan it kolleezje frege om oan te jaan wat de gefolgen wêze sille fan de jongste útspraak fan de Ried fan Steat oer it natuerbelied en de stikstof. De FNP wol witte wat de gefolgen binne foar projekten yn Fryslân, benammen op it mêd fan de wentebou.

De Ried fan Steat hat hjoed útspraak dien yn de saak dy gie oer it Porthos-projekt, om CO2 op te slaan ûnder de Noardsee. Neffens de saneamde partiële boufrijstellingsregeling wie it sûnt july 2021 net mear nedich om by bepaalde aktiviteiten yn de bousektor de stikstofdeposysje ôfsûnderlik te beoardieljen. Dy regeling is no by de heechste rjochter ûnderút gien. Sa’t de Ried fan Steat it útleit, is dat net allinne foar it grutte Porthos-projekt fan belang, mar ek foar hiel folle oare bouprojekten.

Sijbe Knol: ‘Op ‘e nij is de regearing by de rjochter ûnderút gien. It sil net maklik wurde om út de stikstof-ympasse te kommen. De foarrang foar nije foarsjenningen as huzen, wegen, diken en enerzjyprojekten is der nei dizze rjochtlike útspraak net mear. Der binne gjin geitepaadsjes mear oer. En dêrmei ûntstiet in slach om de romte – wa kin aanst gebrûk meitsje fan de besteande stikstofromte? Wat foar provinsje wol Fryslân wêze?’

Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer porthos-útspraak
Antwurdbrief ds oer porthos-utspraak



Tags: Natuer en lanskip