5 June 2023

De FNP-Steatefraksje siket mei yngong fan 1 septimber 2023 in betûfte en entûsjaste beliedsmeiwurker. Wolsto in boeiende baan yn in dynamyske wurkomjouwing, bist ynteressearre yn de Fryske, Nederlânske en Europeeske polityk en hast boppedat in Frysk hert? Dan is dit mooglik wol de baan foar dy! De FNP hat op dit stuit 4 sitten yn it Fryske Parlemint en is derneist ek wakker aktyf bûten it provinsjehûs.

Op moandei begjinne do en dyn kollega mei in bakje kofje en nimme de wike troch. De fraksje kriget de stikken foar de gearkomste fan it wyklikse fraksje-oerlis op tiisdei. Dêr wurd de strategy yn de fraksje útset. Do en dyn kollega riede inisjativen ta, wêrmei’t de fraksje it belied fan de provinsje besiket te feroarjen. Fia in parseberjocht en de sosjale media wurde ús ynwenners dêrfan op de hichte brocht. Op de moanlikse gearkomste fan Provinsjale Steaten sjochst do dat it allegear yn de praktyk brocht wurdt. En as it belied yn De Haach of Brussel makke wurdt, dan bist do der by wannear’t de fraksjeleden yn oerlis gean mei leden fan de Twadde Keamer of it Europeesk Parlemint.

De FNP-Steatefraksje siket mei yngong fan 1 septimber 2023 in betûfte en entûsjaste beliedsmeiwurker. Wolsto in boeiende baan yn in dynamyske wurkomjouwing, bist ynteressearre yn de Fryske, Nederlânske en Europeeske polityk en hast boppedat in Frysk hert? Dan is dit mooglik wol de baan foar dy! De FNP hat op dit stuit 4 sitten yn it Fryske Parlemint en is derneist ek wakker aktyf bûten it provinsjehûs.

De FNP-Steatefraksje siket in persoan, dy’t sawol selsstannich as ek yn teamferbân wurkje kin en wit wat der polityk spilet. Kreativiteit, selsstannigens en betrouberens binne foar ús tige wichtige kompetinsjes foar de nije meiwurker.

De meiwurker komt yn tsjinst by de Stifting Steatefraksje FNP.

Wurkplak:

It wurkplak is de fraksjekeamer op it provinsjehûs yn Ljouwert. Mar de funksje is sadanich, dat der ek wolris thús wurke wurde kin. De direkte oanstjoering fynt plak troch de fraksjefoarsitter. Tegearre mei dyn kollega binne jim it fûnemint wer’ t de fraksje op draaie kin.

Funksje-easken:

Bykommende easken:

De funksje beslacht 24 oeren wyks (salarisyndikaasje € 2066 smoarch yn ‘e moanne by in tsjinstferbân fan 24 oeren wyks). De oanstelling is ynearsten foar in jier, mei de yntinsje fan fêst dêrnei, en in proeftiid fan twa moanne. Wy biede in pensjoenregeling en reiskostefergoeding oan.

Proseduere:

Sprekt boppesteande baan dy oan, dan sjogge we dyn sollisitaasjebrief en CV graach foar 5 juny yn ‘e mjitte fia it e-mailadres fnp@fryslan.frl. De sollisitaasjepetearen sille wêze yn de wike fan 12 juny of ien wike letter.

Foar fragen kin kontakt opnommen wurde mei Sijbe Knol (fraksjefoarsitter), 06 – 30944415. Ynhâldlike fragen kinne steld wurde oan beliedsmeiwurker Frank de Boer, 06 – 51699853.



Tags: