3 July 2019

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan deputearre Poepjes oer subsydzjes fan it Waadfûns. De proseduere mei de puntetelling is foar oanfregers hielendal net transparant. Ek bliuwt der noch hieltyd in soad jild net brûkt op de planke lizzen.

“Beoardieling plannen Waadfûns moat transparanter” (Sybren Posthumus)

Puntetelling

Oanlieding foar de fragen fan FNP-wurdfierder Sybren Posthumus binne sinjalen fan ferskate organisaasjes, dat it net dúdlik is hoe’t de puntetelling foar harren subsydzjeoanfragen by it Waadfûns no krekt ferrint. Posthumus stiet der op oan dat dêr ferbettering yn komt. Bygelyks troch de proseduere mei dy puntetelling helder út te lizzen op de webside fan it Waadfûns.

Oanfregers krije neffens eigen sizzen ek hielendal net te hearren wat foar punten oft hja skoard hawwe by in oanfraach, of wêr’t it oan leit as in oanfraach ôfwiisd wurdt. Ek op dat punt bepleitet de FNP mear transparânsje: ‘Sa’n ôfwizing is foar de minsken no in black box, men hat nei de tiid gjin idee wêr’t it oan lein hat. Tige frustrearjend fansels.’

Reserves

De FNP hat fierder konstatearre dat der noch foar mear as hûndert miljoen euro oan jild op de balâns fan it Waadfûns stiet, dat noch net útjûn is. Dêr komt de kommende jierren nochris € 28.878.000 jierliks fan it Ryk by op. Lykwols der wurdt per jier net mear as sawat € 29 miljoen útjûn. De rest komt dus allegear net ten goede fan de natuer en ekonomy yn it Waadgebiet sa’t de bedoeling wie. Posthumus freget wat de deputearre en it Waadfûns dwaan sille om de opboude reserves foar de regio nuttich te besteegjen foardat it Waadfûns nei 2026 opdoekt wurdt. 

Downloads:
Skriftlike fragen puntetelling en finânsjes waadfûns
Antwurdbrief op skriftlike fragen



Tags: