8 January 2023

Sneon berikte ús it drôve berjocht dat ús tige wurdearre lid en strider foar de Fryske taal Bertus Jans Postma op 93-jierige leeftiid ferstoarn is.

Dat de Fryske wetters fan 2007 ôf Fryske nammen krigen wie direkt de fertsjinste fan de striid dy’ t Postma foar de Fryske taal fierde. Tal fan gemeenterieden, de Fryske Steateleden en oare bestjoerslagen krigen besite fan Postma.

Ut de skroeven wie Postma doe’ t de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân yn 2021 besleat om de gebietseigen plaknammen wer yn te fieren.

Postma sil mist wurde, syn oanwêzigens en boppe al syn skerpte. Ek op lettere leeftyd. Altyd striidber foar de Fryske saak.

Wy winskje de famylje fan Postma en neibesteanden treast ta yn de kommende perioade



Tags: Partijnijs