25 September 2023

Paques is grut yn wettertechnology

Paques is begûn as famylje bedriuw, it bedriuw is no foar 80% fan SKION WATER. 
Paques bliuwt as selsstannich bedriuw funksjonearjen binnen SKION WATER.
It bedriuw is wrâld wiid aktyf (û.o yn India, Brazilie, China ).


Wer draait it om bij Paques

Wetter: Wetterkrapte, te min drinkwetter, is in grut probleem yn de takomst. Paques ûntwerpt biotechnologyske prosessen foar it suverjen fan wetter- en gasstreamen om duorsumens fan bedriuwen te ferbetterjen. Yn Balk hat it bedriuw in grut laboratoarium der’t nije prosessen úttest wurde op it mêd fan wettersuvering; hoe kin bygelyks yndustrieel wetter wer brûkt wurde. Dit dogge se ek foar klanten.
Enerzjy: It opwaarmjen fan ús ierde twingt alle bedriuwen nei alternativen te sykjen.
Helpbronnen:  De natuerlike helpbronnen (essinsjeel yn de produksje fan iten) reitsje útput, Paques blaast se nij libben yn.

Krekt nij: de BIO BIZZ HUB

Yn 2020 is de BIO BIZZ HUB yn Balk oprjochte. De HUB is in ûnderdiel fan de WetterCampus yn Ljouwert en wurdt stipe û.o troch de provinsje en DFM. It is een soarte fan proeftún foar Start-ups om har ynnovaasjes te testen. Paques helpt bij it testen en eventueel ek bij it finen fan klanten. It doel is dat hjirtroch in suksesfol produkt op de merke komt. Nederlânske útfiningen binne/kinne in springplanke wêze nei it bûtenlân, wer’t bedriuwen meast gjin subsydzjes krije!


Wat in moai bedriuw yn Balk, wat in moaie misje

Alles wat mei wetter te meitsjen hat dêryn is Paques grut. Har misje is: in wrâld sûnder ôffal, wergebrûk troch it brûken fan natuerlike produkten, bakteriën en skjin wetter.
Paques hat mar ien soarch, en dat is dat nije wurknimmers faaks gjin wenromte fine kinne yn Balk!!

De FNP-fraksje hat in tige nijsgjirrige bedriuwsbesite hân!



Tags: