Skaadfraksje FNP De Fryske Marren

Skaadfraksje-leden binne gjin keazen folksfertsjintwurdigers, mar stypje de fraksje mei it fraksjewurk. Wol binne hja beneamd troch de fraksje en binne yn it gemeentehûs ek as sadanich bekend.

De skaadfraksje praat mei oer de ûnderwerpen dy’t yn de gemeenteried komme. Se riede de riedsgearkomsten mei ta en tinke mei oer temajûnen en wurkbesites. Hja binne lykas de fraksjeleden, de earen en eagen yn de mienskip.

De fraksjegearkomsten binne foar leden iepenbier en as der wat spilet yn jo doarp, stêd of wyk, dan kinne jo altyd by ús oanskowe. Wol graach fan te foaren efkes melde by ien fan de (skaad)fraksjeleden.



Skaadfraksje op dit stuit

Jacob Jenne Dijkstra

Mei-inoar wurkje oan in Fryslân dêr’t jong en âld genietsjen bliuwe kinne.

As skaadfraksjelid fyn ik it wichtich om mei te tinken oer it behâld en ferbetterjen fan de mienskip foar de âldere generaasjes, mar ek foar de nije generaasje, sadat ek dy letter genietsje kinne sil fan it moaie Fryslân.


Jurre Hylkema

“Troch ienheid yn diversiteit, sterk yn ús eigen taal en kultuer, kinne wy de takomst van Fryslân foarmje.”

Ik fyn it wichtich dat de FNP him ynset foar betelbere en tagonklike húsfêsting foar jongerein, sadat de jonge generaasje yn Fryslân bliuwe en groeie kin.

Ek is it fan belang om it behâld om de Fryske taal en kultuer yn stân te hâlden en te befoarderjen.

Hans Rinsma

It is fan belang dat wy genôch sizzenskip oer ús eigen provinsje en gemeente behâlden bliuwe.

De lêste jierren is der in tendins dat der hieltyd mear sintraal bepaald wurdt wêr’t Nederlân hinne moat. It belang fan de regio krijt dêrtroch minder omtinken. It is fan belang dat wy genôch sizzenskip oer ús eigen provinsje en gemeente hawwe en hâlde.