Bestjoer FNP De Fryske Marren

It hiele bestjoer is te berikken fia:
E-post: bestjoer@fnpdfm.frl
Briefpost: p/a Scharleijen 1, 8521 NM Sint Nyk

Ynterim foarsitter: Egbert de Jong
Wenplak: Sint Nyk
0513-431958 / 06 27450821

It FNP-gedachtegoed stâl jaan troch dit fanút it bestjoer te stypjen.

De FNP yn ús gemeente docht der ta. Dat bringt mei dat ús rieds-  en skaadfraksjeleden en wethâlders in protte wurk te fersetten ha.

As bestjoer bliuwe wy sykjen nei mooglikheden ús leden der by te belûken.


Siktaris: Baukje Miedema
Wenplak: Murns
06-57621330

“Fan ûnderen op. Beslútfoarming graach sa ticht mooglik by de minsken.”

Sa wolle wy it net allinnich graach yn Fryslân en De Fryske Marren, mar ek yn ús partij. Us stribjen as bestjoer is dus om hjoeddeiske leden mear te belûken by de partij en de polityk en benammen ek nije jongere leden dêr waarm foar te meitsjen.

Ponghâlder: Piet Salverda
Wenplak: Aldemardum
06-21886511

“Fryslân is ús thús.”

De FNP fertsjintwurdiget de wearden dy’t meitsje dat wy ús thús fiele kinne yn ús Fryslân.