Skiednis FNP De Fryske Marren

Earst yn 1982 fan fiif nei trije gemeenten

De skiednis fan de gemeentlike FNP-ôfdieling yn de Fryske Marren begjint yn de fiif eardere gemeenten Doanjewerstal, Haskerlân, Lemsterlân, Gaasterlân en Sleat. Troch in gemeentlike weryndieling mei yngong fan 1982 bleaune fan dizze fiif gemeenten noch trije oer: Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân. Skarsterlân krige der mei Terkaple-Eagmaryp noch in stikje Utingeradiel by en Gaasterlân-Sleat mei Kolderwolde, Aldegea en Ealahuzen in stik fan it eardere Himmelumer-Aldefurd.

Dan yn 2013 fan trije nei ien: De Fryske Marren

Yn de rin fan 2000 binne wer nije gemeentlike weryndielingen yn gong setten. Dêr rûgele as bêste mooglikheid út de kombinaasje fan Skarsterlân mei Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân plus noch Terherne fan Boarnsterhim. De nije gemeente sette útein op 1 jannewaris 2014 en dêrom wiene de ferkiezings al yn novimber 2013.
Bestjoerlik wie der al moai wat wurk fersetten om ta in nije FNP-ôfdieling te kommen. Yn Lemsterlân wie gjin FNP, mar al gau die bliken dat Gemeentebelangen aardich ticht by de FNP stie. De gearwurking kaam rûn en sa ûntstie FNP De Fryske Marren. Lykwols wie it spannend hoe’t soks útpakke soe, foaral yn Lemsterlân. Mar de útslach wie poerbêst. De FNP waard ek de grutste partij yn ‘De Friese Meren’, mei 28,5% fan de stimmen en 9 sitten fan de 31. It CDA helle 8 sitten en foarme mei de FNP it kolleezje fan 4 persoanen: foar de FNP Durk Durksz en Johannes van der Pal. De FNP hie as betingst dat der in frysktalige gemeentenamme komme soe en dêr gong it CDA doe al gau yn mei. Fan july 2015 ôf is de offisjele gemeentenamme ‘De Fryske Marren’.
Yn oktober 2015, dus midden yn de riedsperioade, gong de FNP sels fan 9 nei 10 sitten fan de yn totaal 31 riedssitten; Remboud van Iddekinge (earder NPP) slute him yn goed oerlis as riedslid oan by de FNP fraksje.

Mear witte oer de skiednis?

Klik op de ôfbylding hjirûnder foar mear ynformaasje oer de skiednis fan FNP De Fryske Marren.

FNP De Fryske Marren, gearkomste yn Balk novimber 2012