Riedsfraksje FNP De Fryske Marren

De FNP fraksje fan de gemeente De Fryske Marren is mei 7 fan de 31 riedsleden de grutste fraksje. Gerda de Vries-Suierveld is de fraksjefoarsitter. Hjirûnder binne kontaktgegevens fan de riedsleden te finen. De hiele fraksje is op ien e-mailadres te berikken: fraksje@fnpdfm.frl, fia Whatsapp op 06-2805 3995 of per briefpost: FNP fraksje De Fryske Marren, p/a Streek 122, 8464NH Sint Jânsgea.

Gerda de Vries-Suierveld

fraksjefoarsitter

Wenplak: De Jouwer
E-Post: gerda.de.vries@fnpdfm.frl
Twitter

Gerda is vice-foarsitter fan de Ried fan De Fryske Marren.


“Regels moatte nut ha, oars skrasse! Jou minsken lucht om te libjen en te ûndernimmen.”

De eveneminten yn de Fryske Marren wurde benammen troch frijwilligers organisearre. Dy wurde oerstjalpe mei regels. De FNP wol minder regels foar eveneminten en de fergunning- oanfraach moat makliker makke wurde.

Jan Volbeda

Wenplak: Harich
E-Post: jan.volbeda@fnpdfm.frl
Twitter


”Thús yn de Fryske Marren!”

We wenje al mear as 60 jier yn it moaiste part fan ús provinsje. Romte, natoer, wenje en wurkje. Mei genôch ferdivedaasje en noflike minsken. Hjir fiel ik my thús en dat wol ik graach sa hâlde.

Jeltsje Piersma

Wenplak: Nijemardum
E-Post: jeltsje.piersma@fnpdfm.frl
Twitter

Jeltsje is foarsitter fan it Petear fan De Fryske Marren.


“De romte is ús goud. De grûn is ús sulver: hâld de ierde skjin.”

We wolle it karakteristike kultuerlânskip behâlde; wat is moaier as it sjen fan de iepenens/widens fan it lânskip. Je begjinne rommer te azemjen!

Frij azemje is like wichtich foar alle libben ûnder de grûn. De doarpen op de hege sângrûnen, Aldemardum, Wikel en sa meie net lije ûnder de leeljeteelt. Der moat in ein komme oan de sproeierij mei gefaarlike stoffen. Dat jildt likegoed foar de ynwenners dy’t har paden besproeie!

Jochum Meester

Wenplak: Sint Jânsgea
E-Post: jochum.meester@fnpdfm.frl
Twitter
Facebook
Instagram


“Fan ûnderen op! Beslútfoarming tichtby de minsken.”

Dit is ien fan de 7 kearnwearden fan de FNP en sprekt my bot oan. Minsken moatte belutsen wurde by beslútfoarming yn har eigen regio, en fan it begjin oan ‘e ein op in goede wize meinommen wurde.

Sûnt ik yn Sint Jut wenje ha ik by meardere ferieningen frijwilligerswurk dien. Ek fan dêrút is my wol dúdlik wurden dat de ynwenners fan in streek sels as ien fan de bêsten witte wat der barre moat en op watfoar wize. Dat moat net fan boppe ôf oplein wurde troch minsken dy’t der folle minder sjoege fan ha. Op dy wize kreëarje je ek nochris it bêste draachflak!

Jelmer Quartel

Wenplak: De Jouwer
E-Post: jelmer.quartel@fnpdfm.frl
Twitter


“Wenje wêr’t wy wenje wolle! “

Om my hinne hear ik in soad minsken oer it wenningtekoart. Dat binne benammen starters dy’t gjin gaadlik hûs fine kinne. Der binne hast gjin of hielendal gjin (betelbere) keap- of hierhuzen te krijen en dat liket allinnich mar slimmer te wurden. Mei it ‘Oanfalsplan Wenjen‘ fan de FNP moat in betelber en gaadlik hûs foar elkenien wer tagonklik wêze.

Wouter Wouda

Wenplak: De Jouwer
E-Post: wouter.wouda@fnpdfm.frl
Twitter


“De romte is ús goud”

Foar my romte omdat ik bepaalde sichtlijnen hâlde wol yn it lânskip. Frije sichtlijnen, mar ek histoaryske.

Troch sterke lanlike ynflaasje, moat der ek mear oandacht komme foar minsken mei in lytsere beurs.

Yn it algemien moatte regels nut ha, oars skrasse! en jou minsken lucht om te libjen en te ûndernimmen.

Wiebe Hoekstra

Wenplak: Sint Jânsgea
E-Post: wiebe.hoekstra@fnpdfm.frl


“Wiis mei eigen monuminten en kultuer. We kinne grutsk wêze op ús ferline.”

Mei in goed gemeentlik monumintenbelied litte we sjen dat we grutsk wêze kinne op ús ferline. Sa bliuwe we in oantreklike gemeente om yn te wenjen en yn te rekreëarjen.

Jou dêrneist ek it Frysk in lykweardich plak njonken it Nederlânsk. Ek dat is ynklusyf. It is dêrnjonken ús âldste erfguod.

It Frysk ymmaterieel erfgoed yn kombinaasje mei it materieel erfgoed jout ús in eigen en fertroud gesicht.