Wethâlders FNP De Fryske Marren

De FNP nimt mei twa wethâlders diel oan de koalysje fan FNP, CDA, PvdA en Grien Links. Yn it koalysje-akkoart ‘Fûnemint foar moarn’ wurde de doelstellingen presintearre.

Chris van Hes

Kontakt? Je kinne in e-post stjoere oan secretariaatvanhes@defryskemarren.nl.


Chris is earste loco-boargemaster fan DFM.

Portefúljes

  • Folkshúsfêsting
  • Romtlike Untwikkeling
  • Fergunningen
  • Gemeentlik fêstgoed
  • Frysk taalbelied

Ik fiel mij hjir poerbêst op myn plak, en dat wol ik hoedzje en noedzje.

Dat is foar my ek de reden west om polityk aktyf te wurden. Fan dei 1 ôf oan ha ik my it meast ferbûn field mei de FNP. De FNP stiet foar sunich wêze op wat wy hawwe mar ek kânsen jaan oan wat kin. Dêrby fynt de FNP it tige wichtich om mei stipe fan de krêft yn ús mienskippen ta droegen inisjativen te kommen dêr’t dy mienskippen fierder mei kinne.

Mear witte oer Chris?

Fan-Sint-Jut-nei-De-Jouwer.pdf

Remboud van Iddekinge

Kontakt? Je kinne in e-post stjoere oan secretariaatvaniddekinge@defryskemarren.nl

Portefúljes

  • Finânsjes
  • Grûnsaken
  • Ekonomyske saken en EU
  • Ynternasjonale betrekkingen
  • Rekreaasje en toerisme
  • Gebiedsaginda/ambysje-dokumint Fryske Iselmarkust
  • Evenemintebelied

Sykje nei in sûne balâns tusken fernije en behâlde, dat is de basis foar de FNP.

Dat útgongspunt hat laat ta útwreiding op lytse skaal fan rekreaasje, fernijende kânsen foar bedriuwen en in hiel deeglik en stabyl finansjeel belied. Mar ek it oant no ta noch altyd suksesfol tsjinhâlden fan sânwinning yn de Iselmar. Ik begryp it belang fan sân foar de bou, ha sels yn de bousektor wurke. Mar at wy mear as 50 jier lyn al minsken op de moanne sette koene, moat der ek in manier wêze om bouwe en fernije te kinne sûnder ús natoer ôf te brekken.

Mear witte oer Remboud?

Fan-klimme-en-falle-yn-de-bosk-nei-wethalder-yn-DFM.pdf