27 June 2023

Yn de kampanje fan de ferkiezings fan 2022 hat de FNP harren mei klam ynset foar de wentebou yn de Fryske Marren. Mei de gjalp “Wenje wêr’t wy wenje wolle” en it lansearjen fan it “Oanfalsplan Wenjen” hat de FNP Fraksje dúdlik de koers útsetten. Net allinnich bouwe yn de grutte kearnen mar ek ferspraat oer de doarpen.

No ‘t wy as FNP in wethâlder ha op Wentebou, Chris van Hes, wolle wy jimme graach in oersjoch jaan wat der bard is, hokker plannen al útein set binne en wat mei koarten fan start giet. Inkele projekten dy’t al jierren rinne, dêr’t de foarige kolleezjes fansels ek oan mei wurke ha en dy’t no sa goed as klear binne: útwreidingsplan Bakhuzen, Boslust Balk, Jachtkamp Bantegea, Broek-Súd, Tramdyk-Oost De Lemmer, Nij Sân Rottum.

De plannen dy’t (meikoarten) fan start geane, binne ûnder oare: Jousterwei 130 Aldehaske (19 wenten), Eastersee West (9 wenten), De Polle De Lemmer (28 wenten), Tramdyk De Lemmer Fase 3 (75 wenten).

Plannen dy’t kommende wei binne: CPO Aldemardum (10 wenten), Wyldehoarne Fase 4 De Jouwer (136 wenten), Skarkamp/Finne De Jouwer (46 nije sosjale hierwenten), Dubbelstraat Balk (8 wenten) en Park Sevenwolden De Jouwer (50 wenten).

Dit is fansels in listke mei inkele útljochte projekten. In folslein oersjoch kin online fûn wurde: https://www.arcgis.com/apps/dashboards/3da28e5419a544809aab594356c5366c

Njonken dizze projekten binne der ek saneamde Build-To-Order projekten. By dizze projekten ûntwikkelje doarpen sels boulokaasjes mei stipe fan de gemeente. Dat bart ûnder oaren yn doarpen lykas Harich, Tsjerkgaast en Sint Jânsgea.

De FNP fraksje is bliid mei dizze plannen, mar sil de finger de kommende jierren wol oan de pols hâlde. Guon plannen rinne somtiden fertraging op. Dat hat te krijen mei: oankeap grûn, wizigjen bestimmingsplan, it oanfreegjen fan fergunningen, mooglike beswieren fan omwenjenden, partisipaasje, bouprizen en krapte op de arbeidsmerke. Salang’t der ferlet fan wenten is sil de FNP har hjirfoar ynsetten bliuwe nei aard, skaal en karakter fan de doarpen en omjouwing.

Gerda de Vries,
fraksjefoarsitter FNP De Fryske Marren



Tags: Faklju Plattelansbelied Thus yn Fryslan Wenje yn Fryslan