17 May 2023

Fraksjefoarsitter Gerda De Vries – Suierveld is bliid mei it ôfrûne jier, de fraksje lit har goed sjen en hearre.

“Op dit stuit binne we al wer in jier oant wurk nei de lêste gemeenteriedsferkiezings. De sfear yn de fraksje is poerbêst. De gloednije riedsleden Jelmer en Wouter oppenearje harren tige goed yn de fraksje. Wiebe, mei al syn erfaring, pakt de tried samar wer op.”

De nije fraksjemeiwurkers, Jurre Hijlkema en Jacob Dijkstra stypje de fraksje en passe goed yn ús team. De wethâlders Remboud en Chris, yntusken alwer in lyts jier oan it wurk, dogge it geweldich. Ek yn it kolleezje is de sfear goed en der wurdt hurd wurke. De wurklisten fan de riedsgearkomsten stean eltse moanne wer grôtfol.

De gearwurking yn de koälysje is ek goed. De fraksjes prate inoar goed by, der is romte foar eigen fraksjestânpunten. We wolle inoar net oer it mot komme dus ha we regelmjittich oerlis yn goede harmony.”



Tags: Thus yn Fryslan