29 November 2023
FNP stelt fragen oan it kolleezje

Yn de Sminkefeart, ûnder Aldemardum, wurde ûnakseptabele hege wearden fan ferskate gifsoarten metten. De giffen binne benammen yn it opperflakte wetter kaam troch yntinsyf spuitsjen by de teelt fan blombollen. Al earder ha riedsleden dit oankaarte by it kolleezje middels fragen.

Oerlis wetterskips-, steate- en riedsfraksje op 26 oktober

Op 26 oktober hat der in gearkomste west yn Aldemardum, op inisjatyf fan Piet Salverda mei FNP-ers nammers de wetterskipsfraksje, de steatefraksje en de DFM riedsfraksje. Doel wie om mooglikheden te finen om elkoar te helpen en te fersterkjen oangeande it trochrinnende proses oer de gifproblematyk yn ’t algemien en yn Aldemardum yn ’t bysûnder. Alle trije fraksjes ha útsprutsen (wer) fragen te stellen. We wolle oanhâlde want oars bart der neat.

De fraksje fan de FNP hat no op ‘e nij in tal fragen foar it kolleezje.

  1. Yn it oerflakte wetter fan de Sminkefeart sitte in protte stoffen dy’t tige skeadlik binne foar de folkssûnens.  We doele hjirby op oantaasting fan it senuwstelsel en kankerferwekkend. Hoe soarget it kolleezje dêrfoar dat foar ús ynwenners in sûne leefomjouwing garandearre wurdt?
  2. It gif yn de Sminkefeart giet 783 kear oer de tastiene noarm. De lokaasje is hjirmei it smoarchste punt fan Nederlân. Hoe wurdt dit kommunisearre nei ús ynwenners? Neist it wetterskip hat ek de gemeente wol deeglik in soarchplicht.
  3. Kin it kolleezje oanjaan wat der oant no ta dien is, ek yn de mande mei wetterskip en provinsje, om de ûntsteane problematyk op te lossen?
  4. De problematyk fan de pestisiden spilet al jierren. Wat is de reden dat it kolleezje dizze problematyk net earder al oppakt hat? En is it kolleezje fan doel dit probleem no wol struktureel oan te pakken en fia de GGD te monitoaren?

We binne benijd nei de reaksje fan it kolleezje. We hâlde jimme op ‘e hichte.

Jan Volbeda en Wiebe Hoekstra, Fraksje FNP DFM.



Tags: Gif yn oerflaktewetter