4 December 2023
Amindemint FNP mei grutte mearderheid oannommen

Oangeande de ferlinging fan it AZC waard de FNP nei twa kanten lutsen. Oan de iene kant giet it hert út nei de Asylsikers, oan de oare kant is de belofte oan de Balksters dien dat it bij fiif jier bliuwe soe. “Wy wolle de minsken dy’t der sitte net op ‘e dyk sette”, sei fraksjelid Jan Volbeda, “mar we binne as FNP wend ús wurd te hâlden, dat weaget ek swier”. Lykwols, de FNP hat in middenwei fûn en dy prissentearre yn in amendemint bij it Kolleezjefoarstel om it AZC langer iepen te hâlden. It Amendemint is mei yntsjinne troch Kleurrijk Fryske Marren.

It amendemint hâldt yn dat it AZC stadichoan lytser wurdt troch natuerlike útstream oant der noch 225 minsken binne. Dy 225 is it tal opfangplakken dat yn de Spreidingswet neamd wurdt. Op dy wize hoege de Asylsikers dy’t yn Balk settele binne net fuort mar wurdt it AZC lang om let wol sa lyts mooglik.

De FNP hat de oare partijen hjiryn mei witten te krijen. It amendemint is 29 novimber troch de gemeenteried oannommen mei 27 stimmen foar en 3 stimmen tsjin.

Hjirûnder de tekst fan it amendemint.



Tags: AZC Balk