1 February 2024

Foarsitter, dit húske (sjoch foto), sels boud, jim herinnerje jim dat miskien noch fan foarich jier. Doe ha ik de boustiennen op de grûn smiten by myn pleit om no echt wurk te meitsjen fan goedkeape hier en keap foar ús jongerein en foar ús âlderein lytsere wenten en de saneamde Knarrenhoven.
Sa begjint Gerda har ferhaal. Mar dat pleit hoecht dit jier net wer hâlden te wurden. Want yn 2023 is in soad wurk makke fan de huzebou.



Petsje ôf foar de wentebou yn 2023
Nei it neamen fan wol 30 projekten dy’t hast klear binne of dêr’t mei begûn wurde kin jout Gerda in komplimint oan de portefúljehâlder en de amtners. “Dat giet de goede kant op! Fan ‘e moarn stie yn de Ljouwerter Krante dat De Fryske Marren yn de top 3 stiet fan it tal boude wenten yn Fryslân yn 2023.
Mar salang’t der noch ferlet is fan wenten, sille wy as FNP altyd de finger oan de pols hâlde en dan sil ik ek elke kear noch myn húske meinimme. Tagelyk sille we ek kritysk sjen nei de Húsfestings- en Urginsjeferoardening
“.



Romte, eveneminten, it Frysk

Dêrnei giet Gerda koart en krêftich yn op de oare ûnderwerpen dy’t de FNP nei oan it hart lizze.. Understeande punten binne ta beslút oan it kolleezje meijûn:

  • Ynvestearje yn wentebou
  • Wês hoeden mei ús lânskip en natoer, gjin sinnepanielen yn iepen romte of op wetter, hâldt op mei de gifspuiterij yn de bolleteelt en minsken, fan de Iselmar bliuwe we ôf!
  • Kom mei in linich en ienfâldich evenemintebelied, wy tinke graach mei.
  • Nim by de ferbou fan it gemeentehûs it Frysk mei.
  • Graach in berekkening fan de ynvestearringskosten en eksploitaasjekosten fan de rinnende en kommende projekten en wat dêr de gefolgen fan wêze kinne foar oar belied
  • Graach sjen litte wat der noch mooglik is foar inisjativen yn de rekreative sektor, no’t de toeristebelesting net ferhege is troch dizze ried.


Hjirûnder kinne je de hiele ynbring fan Gerda de Vries by de skôgingen op 29 jannewaris lêze.
De FNP-bydrage by de skôgings



Tags: Bolleteelt; Evenementebelied Frysk Taalbelied Gif yn oerflaktewetter Iselmar Sinnepanielen Toerisme Wenje yn Fryslân