29 February 2024

Yn de riedsgearkomste fan 28 febrewaris hat de FNP tidens it ‘Fragen-healoerke‘ fragen steld omtrint it by it publyk populêre wite brechje oan de Tsjerkwei yn Reahel. It brechje jout tagong ta de dyk om de Tsjûkemar hinne yn it gebiet fan de Marswâl, in natuerlike wâl foar de dyk del dat út en troch foar in part ûnder wetter stiet. Fanôf it ferhurde parkearplakje by it brechje kinne minsken in ‘rûntsje oer de dyk’ meitsje.

Op 28 desimber 2023 is it wite brechje as gefolch fan nutteleas fandalisme yn flammen opgongen. Yn de tuskentiid binne de resten fan it brechje fuorthelle.

By de FNP fraksje binne hjir meardere fragen oer binnen kaam: wannear komt der wer in nij brechje? Ek de bekende fûgelman Jan de Jong, dy’t al fanôf 1985 statistysk ûndersyk docht en foar syn ûndersyk gebrûk fan it brechje makket om mei syn materiaal by de Marswâl te kommen, hat oan de bel lutsen.

Foto: Nellie Dijkstra, Aldehaske. Ek de foto achter de kop is fan Nellie.

Op dit stuit wike in protte minsken út en parkeare harren auto yn de berm om it paadsje hinne dat 300 meter fanôf de krusing Tsjerkewei/Marwei leit. Troch it yntensive gebrûk ûntstiet hjir skea oan de ûnferhurde berm.

Ferfanging foar brechje?

Jochum Meester hat foar de FNP de folgjende fragen oan it kolleezje steld:

Skea sa mooglik ferhelje op de dieder

Portefuillehâlder Luciënne Boelsma antwurde dat it kolleezje fan doel is om in nij brechje te pleatsen en de tariedingen dêrta binne al begûn. Ek it ferhurde parkearplak wurdt dan wer opkreaze. By de maitiidsnota yn juny wurdt hjir by de ried jild foar oanfrege en dêrnei kinne se los. Hja kin net garandearje dat it foar augustus realisearre wurde kin, mar docht har bêst.

It kolleezje sil prebearje om de skea fan dit fandalisme op de dieder te ferheljen. Der is gjin jild foar in tydlike foarsjenning, dus soks wurdt dreech.

De FNP-fraksje is tefreden mei it antwurd

De FNP-fraksje is tefreden mei it antwurd en rekkenet der op dat it uterlik foar it ein fan it jier allegearre realisearre is.

Wiebe Hoekstra



Tags: brechje Reahel fandalisme Tsjûkemar