30 January 2024

11 maart nimt de Gemeenterie it beslút oer in permanint AZC by Rottum East. It Petear dêroer hat 17 en 29 jannewaris al west yn de gurtte seal fan De Hege Fonnen op ‘e Lemmer, fanwege it tal ynsprekkers en de ferwachte publike belangstelling.

Stânpunt FNP: tsjin in permanint AZC by Rottum East

Gerda de Vries jout yn it Petear fan 29 jannewaris al fast oan dat de FNP tsjin in mienskiplik AZC mei It Hearrenfean by Rottum East is. Gerda beskriuwt de proseduere as ‘net soepel ’en boppedat fynt de FNP grutte AZC’s net mear kinnen. 450 opfangplakken is tefolle.

Wat wol de FNP al

De FNP is foarstanner foar it opfangen fan flechtlingen út gebieten fan oarloch en geweld. Ek foar minsken dy’t om polityk tinken of om har leauwen of geaardheid ferfolge wurde.

Sawol de Twadde as de Earste Keamer ha yn jannewaris in moasje oannomen dat lytsskalich oanbod fan AZC’s yn gemeenten mooglik makke wurde moat.

Júst foar lytsere AZC’s is in grutter draachflak  ûnder de befolking. Boppedat is it sa dat by lytsere AZC’s  de kontakten minder massaal binne, de opfang mear oersichtlik en persoanliker is, en it is makliker om lokale frijwilligers yn te skeakeljen. Dat alles befoarderet de yntegraasje.

Steatssiktaris van der Burg hat yn in gearkomste mei dizze gemeenteried sein dat jild gjin rol spilet. Dus kinne wy ôf fan it tinken yn termen fan allinnich ekonomyske en mjitbere aspekten fan effisjinsje. 

Sadwaande: lytsere AZC’s

Sadwaande fine wy as FNP dat we ta moatte op folle lytsere AZC’s. It AZC yn Balk bliuwt wierskynlik noch oant oktober 2026 iepen, dat jout it kolleezje rom de tiid om hjir oer nei te tinken en dêrby ek te sjen nei de útwurking fan de spriedingswet.

Nijsgjirrich nei de hiele ynbring fan Gerda de Vries op 29 jannewaris?
Gerda’s ferhaal



Tags: AZC Heerenveen West AZC Rottum East Flechtelingen