25 January 2024
Wethâlder Janita Tabak seit ta op koarte termyn werom te kommen op húsfesting foar it Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân (HWG) yn it âlde riedshûs


Akkommodaasjebelied: Befoarderje inisjativen frijwilligers

Yn de riedsgearkomste fan 24 jannewaris waard ûnder oare it akkommodaasjebelied besprutsen. FNP-fraksjelid Jochum Meester beklamme yn it debat dat maatwurk út de gemeente better temjitte komt oan de brûkers fan de semy-oerheidsgebouwen as at strakke kaders dat dwaan soenen. Dan soenen ek makliker inisjativen en ynset fan frijwilligers beleanne wurde kinne troch middel fan in finansjele prikkel fan de gemeente oan de oanbelangjende akkommodaasje. Bijgelyks at de frijwilligers it gebou skjinmeitsje en at der dan gjin skjinmeits-bedriuw ynhierd hoecht te wurden, soe dat wat opsmite kinne foar de akkommodaasje. Befoarderje dy inisjativen: mear wurdearring en mooglikheden iepenstelle foar minsken út de mienskip is wichtich.

Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân nei it âlde riedshûs fan Balk

Mei it unanym oannimmen fan it belied kaam de wei frij foar neiere ynfolling. FNP-fraksjeleden Jan Volbeda en Jeltsje Piersma stienen nei kontakt mei de HWG folslein achter de winsk om romte yn it âlde riedshûs te krijen. De fraksje fûn ek dat je as gemeente net in moaier plak betinke kinne foar in permaninte eksposysje oer Gaasterlân.

Wurdfierder Jochum Meester grypte dus tidens de gearkomste de mooglikheid oan om noch ris mei klam te freegjen om no gong te setten om it Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân in plak te jaan yn it âlde riedshûs fan Balk. De wethâlder sei ta dit neier te ûndersykjen en hjir op koarte termyn op werom te kommen.



Tags: Akkommodaasjebelied; Frijwilligers HWG; Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân; Akkommodasjebelied;