10 January 2024
Mear as 50 jier lesjûn yn reedriden en skeelerjen bij SKF

Justerjûn hat Egbert de Jong in Gouden Tomme yn ûntfangst nimme mocht. Op de nijjiersresepsje fan De Fryske Marren waarden 10 fan dizze eksimplaren útrikt. Egbert ûntfong sines ûnder oare fanwege syn jierren lange frijwilligerswurk as reedryd- en skeelertrainer by STD. Mear as 50 jier! Sa lang sil Egbert ek hast wol aktyf west ha foar de FNP. Hulde!

De priis waard útrikt troch wethâlder Chris van Hes.



Tags: Egbert de Jong gouden tomme