20 December 2023
FNP-fraksje wachtet earst de nije mjittingen ôf


De FNP-fraksje makket har al langer soargen oer it gif yn de Sminkefeart. Hjiroer binne nei oanlieding fan de lêste mjittingen yn novimber fragen oan B&W steld. Koart gearfette: wat binne de aksjes dy’t B&W nommen hat en nimme sil. It giet hjir ommers oer stoffen dy’t skealik binne foar de folkssûnens. Dizze skealike stoffen komme benammen fanwegen de spuiterij op leeljes en ierappels yn it wetter. Mar foardat se yn it wetter metten wurde, bedarje se yn tunen fan omwenjenden, yn natoergebieten en berms.


De antwurden fan B&W

Ut de antwurden docht bliken dat B&W dit oerleit mei Wetterskip en GGD. It Wetterskip is liedend op it mêd fan de wetterkwaliteit. Dat is dwaande om mear mjittingen te dwaan en omlizzende lânbouwers te stimulearjen en helpen om te minderjen. B&W wachtet no earst de nije mjittingen ôf.

De gemeente hat sels in soarchplicht foar de folkssûnens. Yn it ramt dêrfan hat se mei de belutsen partijen (lânbouwers, omwenners, wetterskip) in oerlis opstarten om ta in convenant te kommen. It wichtichste ûnderdiel dêrfan is om in ôfspraak te meitsjen oer de ôfstân fan it gifspuitsjen ta de hiemgrinzen. Dêr binne se noch oer oan it praten.


Beslút fan de fraksje

De FNP-fraksje hat nei oanlieding fan dizze antwurden besletten dat se no earst de nije mjittingen en de útslach fan de conventant-besprekkingen ôfwachtsje.


Hjirûnder noch ris de fragen fan de FNP en dêrbij de antwurden fan B&W.



Tags: Gif yn oerflaktewetter Natoer Sminkefeart