14 December 2023
Prakkesaasjes oer in koart kursuske Fryske stavering

We ha fan ‘t hjerst as proef sels in koart staveringskursuske fan 2 moarnskoften organisearre, mei’t de AFUK-kursus yn Balk net trochgong. In koarte kursus is mooglik ek foar ús leden en donateurs gaadliker. We besjogge takom jier oft jimme belangselling ha. Hjirûnder in ympresje fan ús skaadfraksjelid Hans Rinsma.


Op ‘e nij begjinne
Dit jier ferstoar Paul van Vliet. Yn ien fan syn shows song er in ferske oer op ‘e nij begjinne. Elke folgjende show wie oars, mei wer in oar begripen fan it libben en de wrâld, mei oare kwinkslaggen. Hy moast yn syn karriêre alle kearen op ‘e nij in nije foarstelling skriuwe, toetse en folsleiner meitsje, fan foaren ôf oan. 

In wrâld te winnen

Dêr moast ik oan tinke doe ‘t ik ynris wer yn de skoalbank siet foar in koarte kursus Frysk. Noch nea hie ik, dy ‘t bûten de provinsje Fryslân hikke en tein bin, mar in les Frysk hân. Opnij begjinne, fan foaren ôf oan. Sels de meast elemintêre basisregels wiene my ûnbekend. In wrâld te winnen! Dochs is it frjemd as je betinke dat in soad Friezen de taal wol brûke om te praten, mar net om te skriuwen. 

Regels en rigels

De lessen joegen my in dûbeld gefoel. In soad witte je wol, mar ek wer net. Oan de dosint lei it net. Hja hold ús sûnder muoite by de les. Oan de hân fan in fan te foaren betocht programma waarden ús mei fêste hân de basisregels fan it Frysk útlein. Kompleet mei streekjes en dakjes. Regels dy ‘t hâldfêst biede en je minder twivelje litte as je no in pear rigels op papier sette. Wol frege ik my ûnder de kursus ôf; hat in betûft dosint, dy ‘t wend is ‘gevorderden’ de fine knypkes fan it fak by te bringender noch wol aardichheid oan om by ús net fierder te kommen as de basisbegjinsels? 

Links Hans Rinsma, rjochts dosinte Marike Elsinga,

De wei fan de minste wjerstân is Nederlânsk

De ferlieding bliuwt ek nei de kursus grut om de Nederlânske taal brûken te bliuwen. Watst goed kenst krijt al gau de foarkar. De wei fan de minste wjerstân. Sa besjoen is de wetlike bepaling dat it Frysk hjoed-de-dei de twadde rykstaal is wol moai, mar yn de praktyk is der noch in lange wei te gean.

Hans Rinsma, skaadfraksjelid FNP DFM



Tags: Fryske stavering