29 February 2024

Yn it ramt fan de Fryske wike wienen juster – woansdei 28 febrewaris- in tal fan riedsleden, boargemasters, wethâlders fan Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân en Dantumadiel oanwêzich by it Frysk Diktee. Dit wie organisearre foar de fjouwer gemeentes. Willem Schoorstra hie in moai stik foar ús skreaun oer de natuer fan de Wâlden en wy mochten ús skriuwkeunsten toane. In moaie en nijsgjirrige middei hân (mei in lekker pantsje snert). Wat in geweldige middei op it gemeentehûs fan Bûtenpost! In goeie 30 dielnimmers oan it earste Fryske Diktee fan de gemeente Achtkarspelen, gemeente Noardeast-Fryslân, gemeente Tytsjerksteradiel en gemeente Dantumadiel En yn it skoft goeie muzyk fan Marcel Smit!

Kompliminten foar Wietske Poelman. Tank oan Aukje Dijkstra, Durkje Verbeek en Renny van der Heide (T-diel) en oan Renny de Vries, griffy Achtkarspelen. En fansels oan de kundige sjuery, alle korrektoaren en de rest fan de organisaasje!

Utslach: 1. Folkje Koster – midden 2. Wijbe Postma – links 3. Geert Andringa – rjochts

It wie neffens my in grut súkses, wy hawwe ús tige fermakke, dus ik sis: takommend jier mar wer!



Tags: