Program 2022 – 2026″

De 7 kearnwearden fan de FNP

1 – Demokrasy

De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.

2 – Federalisme

De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy’t minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsjes, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân. 

3 – Ynternasjonalisme

De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgings steane dêrby sintraal. 

4 – Taal en kultuer

Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken.

De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr’t ek oare talen en kultueren res-pektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.

5 – Undernimmerssin

De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen. 

6 – Solidariteit

De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean. 

7 – Duorsumens

De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfer-tarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy’t in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.

LOGO FNP TD

PROGRAM 2022 – 2026

Ynlieding

De FNP wol it alderbêste foar alle ynwenners fan Tytsjerksteradiel.
Oan elkenien wol de partij plak en romte biede. De bern en de jongerein moatte harren gerak krije, dyselden dy’t fan oaren ôfhinklik binne, moatte genôch stipe krije en de âl- derein moat alle soarch krije dy’t nedich is.

Mei oare wurden: elk moat him thúsfiele yn ús moaie gemeente. Dêrom is ús biedwurd ‘FNP FOAR DY’

De FNP-fraksje hat al hast in heale iuw in plak yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel. Fan 1998 ôf hie de FNP trije riedssitten en fan 2010 ôf fiif. Piet Reitsma is fan 2016 ôf fraksjefoarsitter en hy hat yn de mande mei Tjikke Krijgsman, Freddy de Haan, Alex Nijboer en Jan Pieter van der Velde foarm en ynhâld jûn oan de útgongspunten fan de FNP yn de gemeenteried. Fan 2010 ôf is der bestjoerlike ferantwurdlikens droegen troch de wethâlders Geerling Schippers, Rommert Dijk en yn 2019 waard Tytsy Willemsma lid fan it kolleezje fan B&W.

Om dat foarinoar te krijen moat de leefberens yn ús gemeente sintraal stean.
It begryp leefberens is foar de FNP in wêzentlike betingst foar in goed libben. Leefberens beskôget ús partij dan ek as in kaaiwurd, dat de doar iepenset nei it bieden fan goede wenomstannichheden, kondysjes foar wurkgelegenheid kreëare, soarch foar berikbere foarsjenningen, each foar de feiligens fan ‘e boarger en it behâld fan de eigen identiteit.

Praktysk betsjut dat

It program foar de riedsperioade 2022 – 2026

De FNP kiest der foar net in hiel wiidweidich program te skriuwen.
De fyzje fan de FNP wurdt yn haadpunten werjûn en is keppele oan de 7 kearnwearden.

De FNP hat each en ear foar elkenien.


Bestjoer


De FNP is fan betinken dat it beslissingsfoech lizze moat by de demokratyske oerheid fan de lytste ienheid dy’t dat hantearje kin, nammentlik it gemeentebestjoer.

Goed ûnderwiis jout belutsen boargers

Underwiis
It gemeentebestjoer is finansjeel ferantwurdlik foar de húsfêsting fan de skoallen yn de gemeente. Mar njonken de húsfêsting is de rol fan de gemeente op it mêd fan ûnderwiis en foarming wichtich. Sa hat it gemeentebestjoer in posysje op it mêd fan de berne- opfang en de pjutteboartersplakken. Dêrnjonken subsidiearret de gemeente yn it ramt fan it eigen ûnderwiisbelied beskate aktiviteiten yn it foarskoalsk-, basis- en it fuortset ûnderwiis.
Foar it te fieren belied binne de ûndersteande punten foar de FNP fan belang.

Om de leefberens yn alle doarpen te befoarderjen moat boud wurde, ek troch de wenteboukorporaasjes, neffens it ferlet, benammen omdat der dan yn dy doarpen in trochstreameffekt yn gong set wurdt.

De FNP fynt it útgongspunt dat famyljes ûnder ien dak wenje – ‘kangeroewenten’ – in hiel akseptabel konsept.

De FNP foar in goed sosjaal belied

Wolwêzen en soarch
Mei it belied dat ús gemeente fiert op it mêd fan wolwêzen kinne wy foar de kreammen lâns. Under wolwêzen heart ek sosjale feiligens. Dat betsjut dat de gemeente de taak hat om it noflik en feilich wenjen yn ús gemeente te befoarderjen yn oparbeidzjen mei de befolking.

          De FNP sil alle war dwaan om de kwaliteit fan it lânskip, de stilte, de pleatsen, de karakteristike doarpen en it ferskaat fan ús lânskip te behâlden en te ferbetterjen. It is ús kapitaal!

          Yn de ôfrûne riedsperioade is de gemeentlike enerzjyfyzje mei in helber enerzjyplan ta stân kaam. By it wurkjen om enerzjyneutraal te wurden is stipe foar maatregels dy’t enerzjy besparje in wichtige earste stap.

           Der moat hoeden omgien wurde mei de karakteristike eleminten yn it lânskip, wêrby’t bioferskaat syn gerak hawwe moat.

           It omtinken foar ús greidefûgels hat by de FNP hege prioriteit.

           De FNP wol ta op in wynmûnefrij lânskip, mar respektearret de rjochten fan de eigeners fan besteande wynmûnen.

           By it opwekken fan sinne-enerzjy moat alderearst socht wurde nei mooglikheden op de dakken fan besteande gebouwen. Binne dy der net, dan is in goede lânskiplike ynpassing fan in sinnepark needsaaklik.

           In punt fan omtinken is it gebiet súdlik fan de Griene Stjer yn relaasje ta de boerebedriuwen. Dus romte foar de boeren en gjin grutskalige rekreaasje.

           Lytsskalige bedriuweterreinen moatte hoeden en allinne neffens it ferlet – passend by doarp en lânskip – opset en ynrjochte wurde.

           De kritearia fan ‘e Omjouwingswet sille foar ús boargers, lânskip, bedriuwichheid, ferkear en rekreaasje sa tapast wurde moatte dat der foar dizze ûnderdielen sa min mooglik skea ûntstiet.

           It noed stean foar grûn, wetter, lucht en leefberens moat it útgongspunt wêze yn alle fergunningsprosedueres. Dy prosedueres moatte betrouber en dúdlik wêze. It ferlienen fergunningen moat soarchfâldich,   kritysk en mei each foar de hanthaafberens barre.

           By it grûnstoffebelied is it stribjen nei in sirkulêre ekonomy ús útgongspunt. foarljochting oer in bettere skieding fan hússmoargens is needsaaklik. Dêrneist moat de fynmeskige struktuer fan ‘e âld-papier-aksjes yn de doarpen net oantaast wurde.

           De FNP stipet ynnovaasje op it mêd fan duorsumens.

           Yn it agrarysk fermidden kieze wy foar grûnbûne lânbou en sa mooglik biologyske lânbou mei de klam op fergrutting fan it bioferskaat.

           Projekten dy’t duorsume mobiliteit stimulearje, lykas it tapassen fan elektrysk ferfier, hawwe ús sympaty en stipe.

           It oantaasten fan ‘e boaiem troch boarjen en grûnwetterpeilferleging kin rekkenje op tsjinstân fan ‘e FNP. Dat jildt ek foar in útwreiding fan ‘e gaswinning en it kommen ta skalygaswinning.

           De opslach fan ôffal út kearnsintrales yn ús boaiem moat net tastien wurde.

De FNP is foar in betelber belied

Jildsaken
De FNP stiet foar in solide finansjeel belied. Mei it each op de finansjele situaasje is in krityske hâlding nei de regelingen oangeande it te ûntfangen ryksjild fan grut belang.
It lânsregear hantearret it automatisme dat nei de gemeenten oerdroegen taken dêr ek goedkeaper útfierd wurde kinne. Dat stânpunt bestriid de FNP. As it finansjeel belied fan ús gemeente basearre wêze moat op it prinsipe dat de ryksútkearing taakstellend is, dan moatte der swierweagjende karren makke wurde. Dêr wol de FNP net yn meigean.
Wy stean in ferantwurde lykwicht yn ‘e ynkomsten en útjeften foar. Dêrneist moatte de gemeentlike útjeften en ynkomsten ynsichtlik en kontrolearber wêze.

Downloads:
Definityf program 20222026.pdf