11 November 2023

Justerjûn ha de FNP leden Tytsjerksteradiel har biningsjûn hân by v.d. Wal hout yn Noardburgum/Quatrebras/Hurdegaryp. In reedlike groep leden wie oanwêzich. Wy hawwe genoaten fan in rûnlieding troch in bysûnder pasjonearre famylje fan v.d. Wal. Fantastysk wat in prachtich bedriuw se wer ûntwikkele hawwe, nei de tragyske brân.

bysûnder: in grut part fan de ynboedel fan bar-dancing Quatrebras wurdt troch v.d. Wal ‘werbrûkt’ yn it ynterieur fan it bedriuw.

Nei de rûnlieding ha we noch efkes noflik mei-inoar sitten oan de âlde bar fan Quatrebras, mei in hapke en in drankje

.

 



Tags: