3 November 2023

Lets WALDROCK: Speech út namme fan de FNP by de begrutting fan de Gemeente Tytsjerksteradiel #2024 en fierder

Goejûn allegearre​ by dizze begruttingsried op tongersdei 2 novimber 2023 fan de gemeente Tytsjerksteradiel. De hjoeddeistige tiid is een frjemde tiid.​ Siz mar in ellindige tiid.

Oarloggen, natuerrampen, tûzenen mieningen en alle soarten fan agresje. It is tiid foar besinning. Wêr giet dit hinne . . . Bezinning, dat dogge wy ek mei de begrutting dy ’t no foar ús leit.

Mei de kadernota yn juli ha ik út namme fan de FNP praat oer groeie en bloeie. Gjin ien-jierrige planten, gjin ien-jierrich belied. Bouwe oan de takomst. Tytsjerksteradiel sjen as siedsje, dat útkomt, bloeit en een goed foarbyld jout. ​Een Tytsjerksteradiel wer’t wy graach libje, wenje en wurkje wolle.

Op 22 juny 2013 hat de ried de kar makke om as gemeente selsstannich fierder te gean.

Wy litte Achtkarspelen los. Achtkarspelen hat deselde kar makke, se litte Tytsjerksteradiel los. Dat is helder en dúdlik foar beide gemeenten. Oft gearwurking op bepaalde flakken mooglik wêze sil, moat noch besjoen wurde. Earst moat it ferfolch fan dizze kar dúdlik wêze:

It kostet minimaal in jier om dizze skieding goed troch te rinnen. Fansels kostet in skieding jild en in soad ûnwissichheid foar alle belutsenen. At alles goed slagget, kinne wy dêrnei wer de fruchten plôkje.

Skiede: jout seker ûnrest by ús wurknimmers. Lit ús hoopje dat der gau dúdlikheid oan alle wurknimmers jûn wurde kin oer wêr’t sy wurkje kinne. Kin se bliuwe of . . . Op dit stuit binne der mear funksjes foar de wurknimmers, wy hoopje dat se dat gau ynfolje kinne en dan wol op it plak wer’t se graach wurkje wolle! Hooplik jout dat rêst.

Gjin fertraging: it stappeplan oer it útinoar gean is dúdlik. Fertraging is foar net ien goed. Skouders der ûnder! Sawol yn Tytsjerksteradiel as Achtkarspelen. Kwa belied wolle wy no foar behâld en lytse stapkes gean. Net te folle fragen oan de amtlike organisaasje, mar wol de stip op de hoarizon goed yn it eacht hâlde.

Dy stip op de horizon stiet yn ús koälysje en riedsbrede akkoart. Stil stean wolle wy net. Op alle belieds terreinen wurdt hurd wurke. In moai foarbyld is it Nije Hoareca beliedsplan.

Hjirmei jouwe wy de ûndernimmers yn de hoareka stipe om Tytsjerksteradiel brûze te litten!!

Brûze sa as op: Psylân Ryptsjerk – Easterbarren Eastermar – Peaskepop Gytsjerk – Skûtsjesilen – Swingnacht – Doarspfeesten mei optochten, fersierde weinen of wat se mar betinke . . – Tintefeesten – Sportevenementen, ensafierder​ . . . – Gruttere festivals -lykas Waldrock- kinne Tytsjerksteradiel wer goed op de kaart sette om te bloeie. Dat binne de mominten dat jong en âld inoar moetsje. Tytsjerksteradiel, DE WALDEN. Bloeie en Brûse litte.​ LETS ROCK YN DE WALDEN. Mei elkoar!

IN MOAIE STIP OP DE HORIZON SOE WALDROCK WEZE KINNE

Fan kadernota nei begrutting. ​De gemeente Tytsjerksteradiel mei in positive begrutting foar de jierren 2024 en 2025. En dat yn ûnwisse tiden, dus sille wy oeral rekken mei hâlde moatte. Tytsjerksteradiel sil siedzje en bloeie. It goeie foarbyld jaan. En wêr ‘t it de ferkearde kant op giet mei bloeien en groeien sil de ried yngripe moatte. TEGEARRE MEI DE YNWENNERS (burgerparticipatie foarop) Mar earst: wissichheid en rést foar elkenien

Ik slút ôf mei in komplimint foar it kolleezje en elkenien dy mei hat wurke om dizze begrutting nei dit resultaat te bringen. Mei-inoar – want ek it kolleezje kin it net allinne.

Tige tank allegearre.

Freddy de Haan, Fraksje Foarsitter FNP Tytsjerksteradiel.



Tags: