21 April 2023

GrienLinks en FNP wolle fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte wat sy fine fan it rapport fan de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) dat oanjout dat der te min regels binne foar it brûken fan stielslakken yn de (wege-)bou.

“It RIVM jout oan dat as de stielslakken yn kontakt komme mei wetter der ‘frijwol alle swiere metalen dy’t je mar betinke kinne’ út fuort lekke. Ek yn Fryslân wurdt dit restprodukt fan Tata Steel brûkt (û.o. by de Sintrale As). Wy fine dat it brûken fan de stielslakken op dizze wize ophâlde moat. Dêrom stelle wy fragen oan it kolleezje,” sizze Elsa van der Hoek (GrienLinks) en Sijbe Knol (FNP).

Rapport ILT: grutte risiko’s foar minsken en foar it miljeu
De ILT jout oan dat de hjoeddeistige regels foar it brûken fan stielslakken de risiko’s foar minsken en it miljeu ûnfoldwaande ôfdekke. It materiaal komt frij by de produksje fan stiel en wurdt beskôge as ‘gewoan’ boumateriaal, wêrtroch der mar in bytsje easken oan steld wurde en der gjin tafersjoch op is.

Stielslakken binne boppedat goedkeaper dan sân of grint en sy wurde op in soad plakken tapast. Dat hat mooglik grutte gefolgen foar de sûnens fan minsken, hat in negative ynfloed op it miljeu en beynfloedet de kwaliteit fan de grûn en it grûn- en oerflaktewetter.

By de Sintrale As is de provinsje dêr al efter kaam. It gie dêr oer it op grutte skaal tapassen fan stielslakken yn min of mear kondisjonearre omstannichheden (ôfdekt en boppe it grûnwetter). De fraksje fan GrienLinks hat der al trije kear earder fragen oer steld. Mar ek lytsskalige en net ôfdekte (dus net-kondisjonearre) tapassingen leverje (by tiden ek grutte) risiko’s op.



Tags: