Thús yn Opsterlân 

 Foarop

  1.  Bestjoer en kommunikaasje
  2.  Ekonomy, lânbou en rekreaasje
  3.  Romtlike oardering en folkshúsfesting
  4.  Ferkear en ferfier
  5.  Wolwêzen
  6.  Underwiis
  7.  Taal en kultuer
  8.  Sport
  9.  Folkssûnens en miljeu
  10.  Finânsjes

Foarop

De FNP is in partij dy’t opkomt foar Fryslân en har ynwenners. De FNP stribbet nei mear sizzenskip foar de Gemeente Opsterlân en de Provinsje Fryslân en is dan ek in grut foarstanner fan de oerdracht fan Rykstaken, mei it jild dat dêrby heart, oan de gemeente en provinsje. Sa soe de provinsje eigen wetjaand foech krije moatte wêrby’t wy hjir sels beskikke kinne oer bygelyks de boaiemskatten. Identiteit, regionale ekonomy en wurkgelegenheid, taal, kultuer, ûnderwiis en lânskip binne foar de FNP wichtige ûnderwerpen.

Neffens de FNP-Opsterlân is de gemeente mei om en de by 30.000 ynwenners grut genôch om selsstannich fierder te gean. Gearwurking mei oare gemeenten is fansels goed mooglik en soms winsklik, benammen op sosjaal mêd.

De FNP is in demokratyske partij en stiet in sa grut mooglike iepenbierheid fan bestjoer foar. De macht heart úteinlik by de boarger te lizzen.

De FNP is gjin filiaal fan Haachske partijen en kin dêrom yn alle frijheid opkomme foar de belangen fan de eigen gemeente. De FNP is lykwols op federale wize yn De Haach fertsjintwurdige yn de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie) yn de Earste Keamer en yn Europa yn de EFA (Europeeske Frije Alliânsje). Der moat goed sjoen wurde nei hokker oerheid oft it bêste hokker taak útfiere kin. De FNP wol útgean fan de eigen krêft fan Opsterlân en Fryslân.

Foar de FNP stiet foarop dat de minsken de kâns krije moatte harsels te wêzen en harsels te ûntjaan. De kwaliteit fan libjen yn in feilige mienskip slacht de FNP heger oan as ûnbidich hege ynkommens. Solidariteit tusken earm en ryk, jong en âld en sûn en siik is tige wichtich. It mienskipstinken moat derfoar soargje dat nimmen oan de kant komt te stean.

De FNP set fraachtekens by it stribjen nei groei en opskaling. Sa’n iensidige ûntjouwing set foaral it miljeu (klimaat) en it Frysk eigene bot ûnder druk. De FNP stribbet nei in ‘griene’ wrâld, mei duorsume mooglikheden foar in sûne takomst.
De FNP is tsjin fierdere gaswinning en foar it ûntwikkeljen en brûken fan nije foarmen fan enerzjy, dy’t it lânskip ent oantaaste.

1.                   Bestjoer en kommunikaasje

Yn de fyzje fan de FNP binne de bestjoerders en amtners der foar de boargers.  Om de boargers fan Opsterlân sa folle mooglik by it bestjoer te belûken, is de FNP foarstanner fan riedplachtsjende referinda oer wichtige saken. Doarpsfyzjes en oerlizzen mei doarpsbelangen, buert- en wykbestjoeren en doarpshûsbestjoeren binne tige wichtich. Dêrnjonken moat der folle mear en iepener mei (yn stee fan oer) de ynwenners fan Opsterlân kommunisearre wurde, benammen yn it Frysk.

By in gemeente past in iepen en klantfreonlike kultuer by bestjoerders en amtners, dy’t har net ferskûlje efter regeltsjes en wetten.

De FNP is fan miening dat der in ein komme moat oan it al te maklik oerlitten fan mienskipstaken oan de frije merk. De gemeente moat altyd sels stjoeringsmooglikheden hawwe.

Grutter en mear hoege net altyd better te wêzen. It tsjinstelde is faak it gefal. Grutskaligens makket dat de belutsenheid ôfnimt en de kosten tanimme. Twa saken dy’t de FNP net winslik achtet.

De FNP hat in brede opfetting oer it begryp mienskipstaken. In gemeentebestjoer heart har drok te meitsjen oer it wolwêzen fan de ynwenners yn brede sin.

De FNP wol,

            – dat der ynteraktyf mei ynwenners kommunisearre wurdt;

            – dat it gemeentebestjoer har drok makket oer it wolwêzen fan de ynwenners yn brede sin;

– dat de gemeente de doarpen fasilitearret by it opstellen fan in doarpsfyzje. It doarp moat der sels           mei komme, fan ûnderen op;

– dat it saneamde útdaachrjocht (‘Right to Challenge’) foarm kriget, mei in ferbinende,     fassilitearjende taak foar de gemeente.

2.                  Ekonomy, lânbou en rekreaasje

De wurkgelegenheid is in punt fan grutte soarch. De motor fan de ekonomy yn ús plattelânsgemeente, sûnder grutte stêd, wurdt foarme troch de middelgrutte en lytsskalige bedriuwen, benammen de lânboubedriuwen. De gemeente heart de wurkgelegenheid te stypjen en dy net mei ûnnedige regeltsjes te beheinen en de Opsterlânske bedriuwen mei in positive grûnhâlding yn ‘e mjitte te kommen.

De FNP is fan miening dat yn it foarste plak ynsetten wurde moat op in sûn midden- en lytsbedriuw. De lânbou is al lang in wichtige pylder fan Opsterlân; yn benammen de bosk- en heiderike gebieten by it Alddjip lâns is ek it toerisme fan ekonomysk belang. Troch it iepenstellen fan it Polderhaadkanaal is de lytsskalige rekreaasje fersterke.

De agraryske sektor mei oanbelangjende aktiviteiten is en bliuwt fan grutte wearde foar Opsterlân. Ek de ûntwikkeling fan streekprodukten kin de lytsskalige wurkgelegenheid stimulearje.

Eigen inisjatyf en ûndernimmerskip moat wurdearre wurde. Wy moatte each hawwe foar besteande en begjinnende bedriuwen út eigen omkriten en ynspylje op kwaliteit troch heechweardige wurkplakken. Net mear, mar better!

De FNP fynt:

– dat fersmoargjende yndustry net yn ús gemeente past;

            – dat in flugge digitale ferbining yn de hiele gemeente realisearre wurde moat;

            – dat omtinken jûn wurde moat oan it kultuerhistoaryske ferline fan Opsterlân;

            – dat sunich omgien wurde moat mei it karakteristike lânskip fan Opsterlân;
            – dat planmjittige ferbettering fan de gemeentlike tsjinstferliening nei de ûndernimmers nedich is;
            – dat regeljouwing en amtlike burokrasy geregeld opskjinne wurde moatte;
            – dat de turfrûte ûnderholden wurde moat mei it each op (mear) oanslútmooglikheden  mei           provinsjale fyts- en kuierpaden.
            – dat Frysktaligens ek op ynformaasjebuorden foar toeristen sichtber is.

3.                   Romtlike oardering en folkshúsfesting

De romte, de natuer en it lânskip binne kearnkwaliteiten fan ús gemeente en dêr binne wy sunich op. Al jierren giet de biodiversiteit oan planten, bisten en fûgels slim efterút. Ut nij ûndersyk docht bliken dat ek de ynsekte-fauna, as gefolch fan it rynsk gebrûk fan ynsektisiden, tige efterút giet. De gemeente moat it goede foarbyld jaan fan in ynsektiside- en bestridingsmiddelfrij behear fan de iepenbiere romte. Mei de agrariërs wolle we in paad sykje dat harren romte jout, rekken hâldend mei miljeu, natuer en lânskip. Wy wolle de iepen romte safolle mooglik iepen hâlde. Op dit stuit binne nije bedriuweterreinen net nedich, mar wolle we de beskikbere romte brûke of fernije. Der moat benammen sjoen wurde nei ynwreidingsplannen, wêrby’t ferâldere wentebou ferfongen wurdt troch enerzjysunige, moderne wentebou en yn fariaasje foar alle soarten fan húshâldings.

It feangreidegebiet stiet ûnder grutte druk. Troch de djipteûntwettering giet it fean in gemyske reaksje oan mei soerstof, wêrby it fean as it wie ferbaarnd, boaijumdelgong plakfynt en in protte CO2 frij komt. De broeikasgassen CO2, metaan en gniisgas (stikstofoxide) litte yn de atmosfeer de sinnestrieling wol troch nei it ierdoerflak, mar hâlde de weromkommende strieling tsjin. Hjirtroch binne se de foarnaamste feroarsakers fan de opwaarming fan de ierde en dêrmei fan de klimaatferoaring.

De FNP sil:

            – der by de gemeente op oanstean om gjin ynsektisiden en bestridingsmiddels te brûken yn ‘e       iepenbiere romte.

            – der by de gemeente op oanstean om yn alle berms saneamd ‘ekologysk bermbehear’ ta te         passen, dat bestiet út twa kear jiers meane en it gewaaks ôffiere.

– natuerynklusive lânbou befoarderje, mei in heger wetterpeil.

De FNP wol mei soarch mei de beskikbere romte omgean. Revitalisearring en sanearring fan âldere bedriuwsterreinen freget om in mienskiplike ynspanning fan gemeente, provinsje en bedriuwslibben.

De FNP is fan miening dat de gemeente him aktyf foar doarpsfernijing en werstrukturearring ynsette moat. De FNP is in grut foarstanner fan ‘ynwreidingsplannen’; ek moat de gemeente yngripe wannear’t ferkrotting driget. By ynwreidings- en sanearringplannen yn de doarpen moatte de omwenjenden yn in ier stadium belutsen wurde. Allinnich as it ferlet fan útwreiding dúdlik oantoand wurde kin, komme útwreidingsplannen yn byld.

Om bysûndere wenfoarmen mooglik te meitsjen wol de FNP besjen oft bestimmingsplannen oanpast wurde moatte. By nijbou moat rekken holden wurde mei it eigen gesicht fan de omkriten. Wenjen moat wer mooglik wurde op plakken dêr’t winkels har weromlûke. Horeka moat romte krije om nije ynisjativen ûntwikkeljen te kinnen. By wenningbouplannen moat rom omtinken jûn wurde oan betelbere  huzen foar starters, âlderen en kwetsbere groepen.

It troch de iuwen hinne ûntstiene lânskip fan it Alddjip en ek fan de ferfeaning moatte safolle mooglik harren âlde struktueren hâlde. Duorsume lânbou moat stimulearre wurde. Neffens de FNP is der yn Opsterlân gjin plak foar nije, yntensive bioyndustry.

De FNP sil:

            – ynwreidingsplannen stimulearje om iepen plakken en âldere bedriuwsterreinen op’e nij ynfolje te kinnen;

            – stimulearje dat starters in hûs keapje kinne, bygelyks yn it eigen doarp;

            – ferkrotsjen tsjingean troch ‘rottige kiezzen’ oan te pakken en op’e nij yn te rjochtsjen;

            – lytsskalige wenfoarsjennings en inisjativen foar senioaren (lykas in ‘knarrehôf’) of lytse wenten (Tiny Houses)            oanmoedigje;

            – agraryske famyljebedriuwen stimulearje en gjin foarstanner fan megastâlen wêze;
            – derop oanstean dat der in gemeentlike húsfestingsferoardering komt yn de geast fan de   provinsjale fyzje ‘Wenje wêr’t wy wolle’.

4.                   Ferkear en ferfier

It ferkear moat him feilich troch ús gemeente bewege kinne. Fansels binne ferkearsdielnimmers ferplichte om har oan de jildende snelheid te hâlden en om rekken mei oare ferkearsdielnimmers te hâlden. Wetterwegen moatte foar de rekreaasjefeart optimaal yn oarder wêze.

By de ynfrastruktuer yn ús gemeente giet it om in tal saken dy’t te krijen hawwe mei de ûntjouwing, feiligens en berikberens fan wen- en oare gebieten yn Opsterlân. It giet dan om saken as ferkear, ferfier en ferkearsfeiligens, natuer- en lânskip. De FNP-Opsterlân is fan betinken dat yn it belied boppesteande punten prioriteit hawwe moatte.

Dêrby is it fan belang dat der mei it ûntwikkeljen en oanlizzen fan nije ynfrastukturele projekten each is foar, en rekken holden wurdt mei de unike wearde fan it lânskip en de lanlike omjouwing.

It noed stean foar ferkearsfeiligens is in taak fan de gemeente. Omtinken foar feilige fytsrûtes foar de skoaljeugd is dêrom in punt dêr’t de FNP-Opsterlân har benammen foar ynsette sil.

Neffens de FNP moatte haadwegen 80-km diken bliuwe. Dêrby is it fan belang dat der oeral dêr’t der ferlet fan is, feilige fytsferbinings komme.

Op wegen mei lintbebouwing, de saneamde hiemtagongswegen, moat de  snelheid ferlege wurde nei 60 km yn ‘e oere. Sawol út in eachpunt fan lûdsoerlêst (maksimaal 60 decibel), folksûnens (fynstof) as ferkearsfeiligens (it fan en op de dyk kommen) is dat fan grut belang.

Dêrnjonken moat der ekstra omtinken wêze foar it hieltyd grutter en swierder wurdende lânbouferkear. Fierder moatte ferkearsûnfeilige punten mei faasje oanpakt wurde.

Fansels is ek in goed en yntegraal iepenbier ferfier fan grut belang foar de berikberens en ‘leefberens’ fan it plattelân. Der moat rekken mei holden wurde dat de tsjinstregelings fan it iepenbier ferfier goed opinoar oanslute.


De FNP wol:

            –   oanlis fan feilige fytsrûtes foar de skoalgeande jeugd, toeristen en e-bikebrûkers;

            –   har ynsette foar goed en doelmjittich iepenbier ferfier op it plattelân;

            –   dat it toeristysk fytspadenet yn stân holden wurde moat.
            –   In deeglike diskusje oer de winsklikens fan in nije spoarferbining mei de Rânestêd

            –  yn alle gefal net samar in spoarline binnen de grinzen fan de gemeente.

De FNP:

– is tsjin de oanlis fan de Leleyline troch Opsterlân as it giet om grutte net omkearbere    effekten foar mienskip, natuer en lânskip.

5.                   Wolwêzen

De FNP-Opsterlân stribbet nei in mienskip dêr’t nei elkoar omsjoen wurdt. Yn in sosjale, libbene mienskip telt elkenien mei. Minsken moatte sa lang mooglik op harsels en yn har eigen mienskip wenje kinne. Der moat romte en plak wêze foar jong en âld.

It aktyf en folweardich meidwaan foar alle ynwenners fan Opsterlân moat mooglik wêze. De gemeente kriget lykwols mear taken fan it ryk taskikt op it mêd fan wurk, WMO en jeugd. Se kriget foar dy taak in te lyts budzjet om oan de easken foldwaan te kinnen. Dêrom wurdt der in grutter berop dien op selsredsumens, mantelsoargers en frijwilligers (partisipaasje). It is net mear fanselssprekkend dat de gemeente alles regelet en bekostiget. Wy sille mei-inoar oparbeidzje moatte om derfoar te soargjen dat der gjin minsken tusken wâl en skip reitsje.

It ynstânhâlden fan klup- en buerthuzen is fan essintsjeel belang foar de mienskip en mienskipssin.

Jongerein

Foar de oantreklikens om yn Opsterlân te wenjen en op te groeien (de ‘leefberens’) is it fan belang dat de jeugd him ûntjaan kin en dêrfoar mooglikheden kriget yn eigen doarp of wenplak. Aktiviteiten fan jeugd- en jongereinklups dy’t yn de ferskate plakken ûntwikkele wurde, fertsjinje ús omtinken en stipe. Datselde jildt foar inisjativen, dy’t befoarderje dat de jeugd mear yn de mienskip behelle wurdt. Foarljochting oer alkohol, drugs en risikofol gedrach moat oanhâldend plakfine.

De FNP fynt:

            –  dat in jongereinried in wichtich advysorgaan wêze kin en in prima foarm fan     jeugdpartisipaasje is;

            –  dat de partisipaasjewet WIJ (Wet Ynvestearjen yn Jongerein), bedoeld foar jongerein oant        27 jier, benammen foar dyselden dy’t net oan ‘e slach komme, mooglikheden biedt;

            –  dat projekten op grûn fan dy wet yn earste ynstânsje  rjochte wurde moatte op    kennisoerdracht en foarming, lear-wurktrajekten en dêrnei op wurk;

            –  dat de jeugd yn prinsipe yn elk doarp in eigen ûnderkommen hawwe moat, sadat se net            oanwiisd binne op bars, kafees of de strjitte;

            –  dat jeugdketen legalisearre wurde kinne as der oan de feillichheidseasken foldien wurdt en       de ferantwurdlikheid goed regele wurdt;

            –  dat de gemeente romte biede moat oan inisjativen dêr’t de jongerein sels mei komt (fan             ûnderen op).

            –  jongerein net te folle beheind wurde troch (te) fiergeande regeldruk.

Alderein

Alderen foarmje in hieltyd grutter wurdende groep yn ús mienskip. Omtinken foar âlderen en belied dat der op rjochte is dat minsken har salang mooglik thús rêde kinne, is fan grut belang foar de situaasje fan dyselde âlderen. Wichtich is dêrby dat der gaadlike wenromte yn de doarpen beskikber komt.

De FNP fynt, dat

            – om te kommen ta yntegraal âldereinbelied it fan belang is dat dy groep belutsen wurdt by          de planfoarming;

– der omtinken komme moat foar de hieltyd grutter wurdende groep âlderen dy’t feriensumje en mei psychyske problemen sitte;

      – de yndikaasjestelling foar it takennen fan soarch, bystân ensfh. objektyf, ûnôfhinklik en yntegraal útfierd wurde moat;

      – der foar alle fragen op it mêd fan de WMO ien loket wêze moat;

      – de âlderein op it mêd fan digitalisearring tagonlike help krije kinne moat;

      – oantrune wurdt op inisjativen ta mingd wenjen; jong en âld trochinaor;

      – soarch safolle mooglik yn it eigen doarp oanbean wurdt;

      – it tal âldereinwenten safolle mooglik oer de doarpen ferspraat wurdt;

      – it foar âlderen wichtich is dat iepenbiere gebouwen goed berikber en tagonklik binne.

Beheinden


De WMO mei net op besunige wurde. By it ynrjochtsjen fan de romte en iepenbiere gebouwen moat folle mear rekken holden wurde mei de tagonklikens en begeanberens foar rolstoelbrûkers en oare beheinden. By de sprieding fan duorsume, oanpaste wenten moat derfan útgien wurde, dat beheinden yn eigen doarp wenjen bliuwe kinne.

6.                   Taal en kultuer

Taal en kultuer binne by útstek dragers fan de eigen identiteit fan de Fryske mienskip. De measte ynwenners fan ús gemeente brûke de Fryske taal. It is dêrom fan belang dat de gemeente oan taal en kultuer omtinken jout en dy stimulearret. Ek út toeristysk eachweid besjoen, binne taal en kultuer tige wichtich.

In bloeiende keunst- en kultuersektor leveret in bydrage oan woltier en wolwêzen.  It is dêrom fan belang dat omtinken jûn wurdt oan kulturele inisjativen. Om (passive en aktive) dielname oan kreative projekten te befoarderjen, is in breed en leechdrompelich oanbod foar skoallen, ferienings en partikulieren in betingst.

De FNP wol dat it gemeentebestjoer mear oantrunet op Frysktalige inisjativen.

De Nota Frysk Taalbelied/Nota Fries Taalbeleid is achttjin jier yn it laad lizzen bleaun en moat no einlings ris neilibbe wurde. Dat betsjut mear sichtberens (en hearberens) fan de eigen taal yn it iepenbiere libben.

De FNP wol geregeld evaluaasjes fan effekten fan it taalbelied yn ‘e praktyk.

In sintrum foar in libben kultueroanbod op ‘e Gordyk is fan grutte wearde. It museum en de bibleteek binne gaadlike kulturele moetingsplakken, dêr’t keunstners en toanielferienings alle kânsen hearre te krijen.

7.                   Underwiis

It ûnderwiis moat derop rjochte wêze it bêste út de bern te heljen. De gemeente moat har drok meitsje oer talintûntwikkeling yn de hiele breedte fan it ûnderwiisfjild en it beskikber en berikber meitsjen fan de mooglikheden dêrta.

De FNP fynt dat it gemeentebestjoer ynfloed hawwe moat op it funksjonearjen fan it ûnderwiis op de skoallen troch yn petear te bliuwen mei de skoalbestjoeren. Dat kin fierder gean as it wol of net yn stân hâlden fan in skoalle yn in lytse kearn. Troch de krimpende befolking sil it tal learlingen efterút gean en dat sil gefolgen hawwe foar de skoallen yn ús gemeente. Fan belang is dat it ûnderwiis beskikber is en bliuwt.

De FNP wol,

            – dat de gemeente stribbet nei de útwreiding fan trijetalige skoallen yn de hiele gemeente;

– dat alle (lytse) skoallen as moetingsplak foar de mienskip de kâns krije om de funksjes fan         ‘bredere skoalle’ op har te nimmen;

            – dat sport (ek de Fryske sporten) en muzyk in plak krije yn de skoalle;

            – dat foar in lykwichtige en brede taalûntwikkeling fan bern twatalige         pjutteboartersplakken yn alle doarpen en wenplakken beskikber binne

            – dat gearwurking tusken iepenbier en bysûnder ûnderwiis stipe wurdt, benammen as dat ta         gefolch hat dat ien skoalle yn it doarp bestean bliuwt;

             dat de skoalbern yn elts gefal swimmen leare en yn’e kunde komme kinne mei it reedriden.

8.                    Sport

Jong oant âld moat oan sport dwaan kinne. De gemeente heart in goede, leechdrompelige sportynfrastruktuer te befoarderjen. Sport is wichtich foar it ferbetterjen fan de folkssûnens en hat in sterk sosjaal ferbinende rol.

Yn ús gemeente is in goede, leechdrompelige sportynfrastruktuer en dy is fan grut belang.

De FNP fynt fan belang,

            – dat sportstimulearjende projekten opset wurde;

            – dat sportklups subsydzje jûn wurdt.
            – dat swimakkommodaasjes mear omtinken fan de gemeete krije.

9.                  Folkssûnens en miljeu

De gemeente moat ambysje toane oangeande in skjin miljeu. Dat makket Opsterlân oantreklik foar ynwenners, bedriuwen en rekreaasje. De FNP stribbet nei ûnôfhinklikens fan fossile brânstoffen en in wettersysteem dat skjin, feilich en foldwaande is, sadat elts hjir sûn âld wurde kin. Duorsumens moat by de gemeente in hege prioriteit hawwe.

De FNP wol it gebrûk fan skjinne enerzjy stimulearje. Bygelyks troch it fasilitearjen fan in partisipaasjemodel yn de doarpen om mei-inoar sinnepanielen yn te keapjen en op de gaadlikste plakken te ynstallearjen.

De gemeente hat in rol yn it stimulearjen om te bewegen en foarljochting te jaan oer sûnens, bygelyks oer alkohol- en drugsmisbrûk, in probleem dat yn alle lagen fan de befolking foarkomt.

Tefolle ferljochting yn it bûtengebiet kin tige hinderlik foar minske en bist wêze. Dêrby wurdt ek tocht oan ljochtútstjit by nije stâlen en op bedriuweterreinen.

De FNP wol:

            – dat neitocht wurdt oer it stimulearjen fan beweging en it jaan fan foarljochting oer sûn   libjen

            – duorsum bouwe stimulearje

            – ljochthinder beheine

            – gjin plak ynromje foar de opslach fan ôffal yn ‘e grûn

            – dat enerzjybesparring yn de gemeente stimulearre wurdt

            – dat stribbe wurdt nei it enerzjyneutraalmeitsjen fan de doarpen.

– dat foar it pleatsen fan sinnepanielen mei soarch gaadlike plakken útkeazen wurde, foar ‘t          it meast op dakken fan gebouwen.

            – derop oantrune dat enerzjymaatskippijen harren ynfrastrukruer better op oarder hawwe.

10.                Finânsjes

De gemeente moat hoeden omgean mei it jild fan de boargers. Der moat in ferantwurde en sûn finansjeel belied útfierd wurde en dêrby moat it útgongspunt wêze dat de lêsten foar de boargers leech bliuwe. As it heal kin giet ek de ûnreplikgoedbelesting net omheech.

De boarger hat der rjocht op te witten wêr’t de opbringst fan de gemeentlike belesting oan bestege wurdt. Reade sifers binne net in teken fan in sûn finansjeel belied, en moatte dus tefoaren kommen wurde, mar te folle reserves binne dat ek net.
De opbringsten fan gaswinning yn Fryslân komme iensidich te ‘n goede oan de Nederlânske oerheid en net oan de eigen regio. In reedliker ferdieling, salang’t gasfjilden yn ‘e gemeente eksploitearre wurde, moat neistribbe wurde. Ek de kosten fan it sakjen fan de boaiem en djoerdere wetterbehearsking moatte dêryn ferrekkene wurde.

De FNP wol:

– dat elts doarp of Pleatslik Belang troch de gemeente in budzjet taskikt wurdt om saken yn de iepenbiere romte op te lossen, om sadwaande in goed en noflik libbensklimaat te realisearjen, fan ûnderen op;

– de lokale lêstedruk safolle mooglik beheine;
            – in oersichtlike en kontrolearbere werjefte fan de gemeentlike boekhâlding;
            – aktyf kânsen jaan oan it lokale en regionale bedriuwslibben;
            – in ridlike ferdieling fan de opbringst fan enerzjy yn eigen krite;
            – dat de prekario-opbringsten brûkt wurde sille foar de oanlis fan glêsfezel.

De Tynje, 18 desimber 2021

Definityf fêststeld yn de ledegearkomste op 18 desimber 2021 yn Kafee-Restaurant Overwijk op De Tynje.