1 Harm de Jong

De Tynje

Myn leeftiid is 39 jier, bin opgroeid yn De Tynje en wenje hjir no wer. Yn it deistich libben bin ik dosint skiednis en maatskippijlear op De Jouwer.

Ik set my yn foar ferskate ferieningen yn De Tynje, om in ‘libben doarp’ te hâlden. Dy ferantwurdlikheid hawwe neffens my alle ynwenners. Ik stean it leafst ‘midden yn it fjild’ yn stee fan oan’e kant.Frijwilligers binne it semint dêr’t je op bouwe kinne. Sa bin ik aktyf by de karnavalsferiening, it Tynster skûtsje en de fuotbalferiening.     

2 Mirjam Bergsma 

Lippenhuzen

Mirjam Bergsma (30 jier, Lippenhuzen) is de nûmer 2 fan ús list. Sy is dosint op in praktykskoalle yn it fuortset ûnderwiis yn Snits.

“Foar my is de FNP de partij dy’t it ferskil makket, mei realistyske plannen foar in werkenber Fryslân foar no en de takomst.” 

3 Hans Hofstee 

De Tynje

Hans 48 is hikke en tein yn Gersleat, mar wennet al goed 20 jier yn De Tynje. Hy is foarman yn de metaalyndustry en tige warber yn it ferieningslibben. Sa hat hy jierren dwaande west mei de ferneamde Karavanfeesten en is hy ien fan de oanjagers efter Skûtsje Swarte Wief, it skûtsje fan De Tynje.

Ik wol my graach ynsette foar de kommende generaasjes. Want sy fertsjinje it om Fryslân sa te belibjen sa’t ik dat yn it ferline dien haw. Dêr heard foar elkenien in earlike kâns op in fatsoenlike wente by, yn eigen doarp. 

4 Sjoerdtsje Veenstra-Paulusma

Oerterp

Myn leeftiid is 74 jier en wy wenje 24 jier yn Oerterp. Neffens my moatte yn twatalich Fryslân alle ynwenners beide talen behearskje. Yn Opsterlân ferstiet goed 90 prosint it Frysk, mar it lêzen hat der wol oan.

Dat moat fansels oars; dêrom bin ik in grut foarstanner fan meartalich ûnderwiis. Op trijetalige skoallen krije de learlingen ôfwikseljend les yn Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Ut ûndersyk docht boppedat bliken dat se by toetsen boppe it lanlik gemiddelde skoare.  

Ultsje Hosper

Oerterp

Myn leeftiid is 75 jier en wy wenje 50jier yn Oerterp. As biolooch is myn grutste soarch, in leefbere wrâld foar ús bern efter te litten. Dêrom moatte wy duorsum mei ús libbensomjouwing omgean.

De biodiversiteit giet slim efterút, ek yn ús omjouwing. Neffens my moat de gemeente  it goede foarbyld jaan en ús iepenbier grien ekologysk beheare. Dêrom gjin bestridingsmiddels brûke en alle berms jierliks twa kear meane en it gewaaks ôffiere. Sa ûntsteane blomrike berms mei in protte flinters.  

Martin Boomsma 

Bakkefean

7 Jacob de Vries

Bakkefean

Kultuer ferbynt de doarpen.

Ik bin 50 jier en wenje sûnt 2003 yn it moaie Bakkefean. Dêrfoar haw ik 34 jier yn Drachten wenne en bin berne yn Driesum. Ik wurkje by in Mechanisaasje Bedriuw yn Bakkefean. Dêrfoar haw ik ferskate funksjes hân yn twa hoarekagruthannels en haw ik dwaande west yn ‘e katering.

Ik bin troud en wy hawwe gjin bern. Yn 2009 hat Evert Wilstra my frege oft ik ek wat dwaan woe foar de FNP. Hy wist dat ik my graach ynset foar de Fryske taal en kultuer.

No is myn grutste hobby toaniel en alles wat dêr omhinne hinget. Net allinnich it spyljen mei ik graach dwaan. Ek as karmaster gean ik nei ferskate ferienings ta om it spyljen rûnom yn ‘e provinsje te stimulearjen en sadwaande op in heger nivo te bringen.

No wol it gefal dat de FNP it folgjende yn harren program stean hat:

In bloeiende keunst- en kultuersektor leveret in bydrage oan woltier en wolwêzen. It is dêrom fan belang dat omtinken jûn wurdt oan kulturele inisjativen. Om it (passyf en aktyf) meidwaan oan kreative projekten te befoarderjen, is in breed en leechdrompelich oanbod foar skoallen, ferienings en partikulieren in betingst. 

It is fansels sa dúdlik as wat, dat ûnder oaren toaniel in goeie bydrage leverje kin (en sil) oan de mienskip yn it algemien en dêr wol ik op myn manier graach oan mei helpe.  

8 Joeri Arndt

Lippenhuzen

Henry de Jong

De Himrik

10 Gauke Dam 

Terwispel     

Gauke is 56 jier en hat syn eigen ûndernimming, DAM Groenadvies, en advisearret oer natoer- en lânskipsprojekten. Ek is hy ien fan de inisjatyfnimmers dy’t mei de Stichting Moai Wenplak Terwispel besiket nije hûzen foar de jongerein yn it doarp te bouwen.

Wêrom is de FNP syn partij?

“Ik gean foar de FNP omdat dizze partij as gjin oar oanfielt wat der yn de Fryske mienskip libbet en spilet. De FNP stiet tusken de minsken. It is in partij fan trochpakkers ynstee fan praters. 

11 Lybrich Kramer 
Nij Beets

12 Fimke de Boer-Jongedijk 

Oerterp

13 Ed Knotter
Beetstersweach

14 Andrys Bakker 

Bakkefean

15 Anne Kuperus 

Nij Beets

16 Jan Nauta
De Gordyk

17 Renskje van der Meulen-Meijer

Wynjewâld

18 Johannes Groen

Beetstersweach

19 Wiebe Veenstra

Oerterp

20 Durk Feenstra 

Nij Beets

21 Sus Wassenaar

Beetstersweach

22 Andries Visser   

Beetstersweach

23 Reitze Jonkman

De Gordyk

24 Renny Hosper-Tjepkema  

Oerterp