27 March 2023

De FNP Steatefraksje hat ferline wike wiidweidich antwurd krigen fan de Europeeske Kommisje op it fersyk om de beskermings-status fan de wolf oan te passen. Dêrby giet de Europeeske Kommisje yn op de mooglikheden fan it EU-belied om feehâlders te stypjen om har fee te beskermjen en de mooglikheid dy’t lidsteaten hawwe om yn bysûndere gefallen spesifike probleemwolven oan te pakken.

Begjin febrewaris hie de FNP Steatefraksje yn in brief oan foarsitter Ursula von der Leyen fan de Europeeske Kommisje frege om de beskermings-status fan de wolf yn Fryslân op koarte termyn oan te passen. As de Europeeske Kommisje dat dwaan soe, dan hat de provinsje de mooglikheid om behearmaatregels te nimmen om it grutte tal oanfallen fan wolven op fee tsjin te gean.

Yn it antwurdbrief jout de Europeeske Kommisje oan dat binnen it natuerbelied it wichtich is om de wolf yn Europa werom te bringen yn in geunstige steat fan ynstânhâlding, neidat it bist earder útrûge is. Mar dat levert wol konflikten op mei de feehâlderij. It giet derom om in wize fan gearlibjen tusken wylde bisten en de feehâlderij te finen. Dêrby wurdt besocht om maatregels dy’t goed wurkje om bisten te beskermjen safolle mooglik bekend te meitsjen en dêrta hantrekken te bieden.

It brief giet ek wiidweidich yn op de mooglikheid om feehâlders stipe te jaan om har fee te beskermjen. Dat jildt sawol foar it materiaal, bygelyks de stekken, mar ek foar it wurk dat dêrmei ferbûn is. Dêrnjonken soenen lidsteaten foldwaande kompensaasje biede moatte as dochs bisten oanfallen wurde. De ferantwurdlike Europeeske Kommissarissen fan miljeu en lânbou hawwe earder in brief stjoerd oan de nasjonale ministers oer de ynset fan EU subsydzjes en tastiene steatsstipe. Nederlân makket dêr gjin gebrûk fan.

Wat it behear fan wolven oangiet, skriuwt de Europeeske Kommisje dat lidsteaten ôfwike meie fan de strikte beskerming as dat nedich is om slimme skea tsjin te gean. Der moat dan gjin akseptabel alternatyf wêze en it behâld fan de soart mei net yn gefaar komme. Ek dêrfoar is der in hantrekken beskikber.

Oer de yngeande beoardieling fan de wolf dêr’t de FNP om frege hie, skriuwt de Europeeske Kommisje dat dy al yn 2023 dien wurde sil. Dêrfoar sille alle beskikbere wittenskiplike en technyske gegevens belutsen wurde om te sjen oft oanfoljende maatregels nedich binne. Yn de reaksje fan de Kommisje fan 7 maart 2023 op de resolúsje yn it Europeesk Parlemint giet de Kommisje dêr fierder op yn. Yn dy reaksje stiet ek dat Switserlân de beskermings-status neffens it Ferdrach fan Bern ferleegje woe, mar dat de EU dat no noch te betiid fynt.

FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘De Europeeske Kommisje is dúdlik noch net safier dat it romte sjocht foar behearmaatregels foar de wolve-populaasje yn Fryslân, mar jout wol iepeningen om wat oan spesifike probleem-wolven te dwaan en om feehâlders mear as foarhinne te stypjen. It is opfallend dat de Nederlânske oerheid dêrby gjin gebrûk makket fan beskikbere Europeeske fûnsen.’

De FNP fynt it goed dat de Kommisje trochpakt mei it yngeande ûndersyk, dat dit jier útfierd wurdt. De Nederlânske minister hat oanjûn ek earst noch in dialooch te wollen, mar hat al kontakt socht mei har kollega’s yn de buorlannen om in mei-inoar ta in ynternasjonaal wolvenplan te kommen.

Sijbe Knol: ‘It besef is der yntusken wol dat der wat dien wurde moat oan de wolf yn ús regio, mar it hat tiid nedich foardat behear mooglik wurde sil. Oant it safier is, sil de FNP him ynsetten bliuwe foar beskermingsmaatregelen.’



Tags: Buorkje yn Fryslan Europa Natuer en lanskip