26 October 2023

16 programma’s hifke

No ’t hast alle ferkiezingsprogramma’s presintearre binne (DENK) is noch net beskikber) waard it foar my heech tiid om de balâns op te meitsjen, dêr ’t it de Lelyline en it stypjen fan de Fryske taal oanbelanget. Foar dit lêste tema wie yn 7 fan de 16 programma’s, dy ’t ik trochnommen haw, romte frijmakke. De 16 programma’s binne dy fan de partijen dy ’t no in sit hawwe yn de Keamer of hokker in goeie kâns meitsje om yn de Keamer telâne te kommen. Oant de lêste rekkenje ik it NSC en BVNL. De 50Plus ha ik net meinommen dêr ‘t ynterne perikels ek wjerslach hawwe op sawol harren hiemside as peilingen..

Frysk: Mienskip en de grûnwet

De BBB helle de media mei harren krêftterm Noabersteat, of te wol “gemeenschapsstaat” op syn Achterhoeksk, yn har programma ferwiist de partij ek nei “Mienskipsteat”, de Fryske term neffens de partij, dy ‘t trouwens allinnich troch harren fûn wurdt yn de Fryske taal.

Ek it CDA hat each foar dyselde mienskip en hellet noch efkes oan dat jo  yn ús provinsje dy de lokkichste minsken fine. It gefoel fan mienskip is wichtich foar it CDA en dêrom ek in reden om it Frysk en oare streektalen en dialekten te stypjen.

De VVD wol dizze talen ek stypje en wol it Frysk op skoallen yn de provinsje stimulearje. Se wolle ek it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank waarboargje.Hjir is de BBB it ek mei iens, ek sy nimme dit punt op yn har programma..

De ChristenUnie en de NSC wolle de Nederlânske en Fryske taal tegearre mei de gebeartetaal yn de grûnwet ferankerje. De lêste neamt ek noch de wetlike ferplichtingen om goed omtinken te jaan oan it Frysk. It Forum voor Democratie hat koart de sin stean dat it Frysk as twadde rykstaal behâlden wurde moat. VOLT wol ynfolling jaan oan it stribjen nei behâld fan eigen identiteiten yn Europa, en wol dêrom uteringen yn û.o. it Frysk stypje, as foarbyld helje se toaniel en teater oan.Lelylijn: weinich kanttekeningen, soad animo

Dêr ’t in 7 fan  de 16 lêzen programma’s har útsprekke oer de Fryske taal, wurdt de Lelyline troch 13 fan de 16 partijen yn harren programma oanhelle. BIJ1 en de PVV kieze derfoar om neat te neamen oer de spoarline. Dat de PVV it net opnimt, soene je earder as by BIIJ1, lêze kinne as in gebrek oan ynteresse yn de Lelyline. Ferline jier noch tsjinne de PVV in moasje yn om it projekt farre te litten, in moasje dy ‘t it by lange nei net helle. It Forum voor Democratie sprekt net spesifyk oer de Lelyline, sy sjocht it leafst ynnovaasje as hyperloops. Se sprekt har ek út foar hegesnelheidslinen nei it bûtenlân, eat dat de Lelyline neffens in soad eksperts wêze moatte soe.

De oare partijen binne it der al gau oer iens, de Lelyline moat der komme. Neffens BVNL sa gau as mooglik en dêr is de Partij voor de Dieren it yn eksakt deselde wurden mei iens. De Christen-Unie ropt op om moed sjen te litten by ynvestearringen as de Lelyline. Se neamt dizze ferbining krúsjaal om it noarden berikber te hâlden. Ja21 betsjinnet har sels ek fan sokke krêfttermen, troch de Lelyline fan fûneminteel maatskiplik belang te neamen en troch op te roppen om de ambysjes troch te setten.

De nije linkse gearwurking fan PvdA/GroenLinks is stellich: “ de Lelylijn tussen Groningen en de Randstad komt er ”. D66 jout oan dat sy har ynsetten bliuwt foar de Lelyline, dy ‘t se trochlûke nei Bremen en Hamburg. Dêr wol PvdA/GroenLinks har op termyn ek hurd foar meitsje.

Foar it CDA is it benammen in jefte oan Grinslân, dêr ‘t Nederlân desennialang in soad miljarden fertsjinne en dêr ‘t no dan romhertich ynvestearre wurdt yn de mobiliteit, sa seit it programma. De SGP wol dat misnken út Grins wei yn minder as oardel oere de Rânestêd berikt, mei fanselssprekkend de Lelyline. Sy is de iennichste dy ‘t ek eksplisyt as reden foar de Lelyline oanjout dat dit helpt om wenningneed yn de Rânestêd te beheinen. De SP wol yn ynlânske treinferbinings ynvestearje, en de Lelyline is hjir in foarbyld fan neffens harren.VOLT wol ek it treinsysteem ferbetterje en neamt de Lelyline in prioriteit.

De VVD hat wat mear foarbehâld en liket minder stellich. Doel fan de VVD is ferbetterjen fan de berikberens fan alle regio’s en de reistiid tusken Rânestêd en oare regio’s te ferminderjen. “ De Lelylijn kan hier een rol in spelen ” lit it wat minder definityf klinke. In ûnderboude slach om de earm is der by de BBB. Sy sjogge wol potinsje om it noarden mei de Lelyline te ûntsluten en wol graach ûndersykje oft de keppeling mei Bremen makke wurde kin. Wol wol sy in ûndersyk nei de sosjaal-maatskiplike gefolgen foardat der in definityf boubeslút nommen wurdt. Ta beslút makket de NSC noch in foarbehâld, se wol dan wol it fêstigingsklimaat fan it noarden lykas de berikberens fersterkje, mar wol foar in definityf beslút noch sjen nei finansjele aspekten en effekten op de brede wolfeart.

Gearfetsje
Mar twa punten wurde troch my fergelike, dat binne fansels net folle en sille lang net foar elkenien in ôfwaging wêze foar it útbringen fan in eventuele stim. It binne foar my persoanlik wol twa punten dy ‘t fan ynfloed binne of wêze kinne op ús identiteit en (kulturele en fysike) lânskip. It docht my goed dat hast 50 persint fan de partijen omtinken hawwe foar it Frysk en hjir en dêr ek foarstellen dogge om de taal te beskermjen en ek te stimulearjen. By de foarige ferkiezingen waard de Lelyline nochal ris ûnderbeljochte.

By de provinsjale ferkiezingen waard der al mear oer praat en it meastepart fan de partijen jout yn harren programma’s iepenheid fan saken. Der is by guon partijen no ek romte foar in foarbehâld. It mei dúdlik wêze dat benammen by NSC en BBB dy te meitsjen binne, ek al jouwe sy oan yn prinsipe foar te wêzen. Dochs binne se minder stellich as partijen as D66, Christen-Unie en it nije linkse blok. De grutste partij dy ‘t him net útsprekt foar de Lelyline is de PVV. Stimgedrach en eardere retoryk op provinsjaal nivo hat de partij al in pear kear posisjonearre as in mooglike tsjinstanner, dochs jout it programma dêr gjin útslútsel oer.

Opfallend is wol dat it Deltaplan en megalomane huzebou út programma’s ferdwûn is, allinnich de SGP sprekt by de Lelyline noch út dat it tsjinnet om wenningneed yn de Rânestêd op te fangen.

Foar de tsjinstanner fan de Lelyline, is der yn tsjinstelling ta de foarstanner fan it behâld en stimulearjen fan it Frysk, net folle te kiezen yn novimber. De kar liket har benammen te beheinen tusken fanatike foarstanners en partijen dy ‘t mear foarbehâld meitsje. Foar my as tsjinstanner fan dizze Lelyline lit it foaral sjen dat op dit flak de striid net yn of mei De Haach fierd hoecht te wurden, mar yn de regio sels.

Fansels jou ik gjin stimadvys Ik winskje elkenien in soad sukses mei it útbringen fan harren stim.

Harm de Jong
Fraksjefoarsitter FNP Opsterlân



Tags: lelylijn tweede kamer verkiezingen