1 March 2023

Oangeande de betonblokken dy’t op ‘e Geawei yn Stynsgea steane hat de fraksje FNP Achtkarspelen skriftlike fragen steld oan it Kolleezje.

Yn Stynsgea, oan ‘e Geawei, binne okkerdeis betonblokken op de wei del set. It doe hjirfan is om swier ferkear tsjin te hâlden wat hjir del komme kin fanwege dat frachtweins net oer de brêge fan de Tille kinne. En ek helpe de blokken om it ferkear te motivearjen stadiger te riden. Der is doe sein dat dizze blokken in tydlike oplossing binne. Se steane der noch. Dat minsken hjir net altyd goed om tinke bliket wol, der hat alris in auto tsjinoan sitten.

De fraksje FNP Achtkarspelen hat de folgjende fragen oan it Kolleezje:

1.       Binne de betonblokken oan ‘e Geawei yn Stynsgea bedoeld as in tydlike oplossing?

2.       Sa ja, hoelang sille dizze blokken dan noch nedich wêze?

3.       Sa nee, wannear wurde de betonblokken weihelle?

4.       En sa nee, wurdt der dan noch neitocht, yn oerlis mei de omwenjendenoer in alternatyf om it ferkear feilich te meitsjen/te hâlden?

Wopke Veenstra, FNP Achtkarspelen



Tags: