14 February 2023

Met een bietje weemoed ien it hart moet ik beken’n dat ik op Eerste Kerstdag ‘s mörgn’s om zes uur de toeteraars van Gloria Deï uut ‘t Kloaster wel mist heb hier ien Buut’npost. Dêr keek je dan wel naar uut en ‘t gaf een “thuus-gevoel”. Want, beste meens’n, dat is een stukje Cultuur.

Op Oldjaarsdag wel overal ien Achtkarspelen de knal’n van de carbid-skieters! ‘t Ging der om weg, hier en dêr met ‘t neudige potje bier, de burgervader die ok nog eem met de lont de bus’n bij del ging. Maar prachtig! Ok dat is Cultuur.

As je de jeugd vraag’n wat ze van Cultuur vien’n dan is’t vaak dat ze niet van die skilderij’n enso hold’n. ‘t Is zoveul breder dan dat natuurlijk.

Ien oons gemeentehuus wordt der so nou en dan een mooie expostie hold’n. Momenteel boov’n ien ‘t Jeltingahuus van Buut’nposter skilder Sierd Jan Otten, skitterende natuurgezichten. En beneden ien de hal “dorpsgezichten” van kunstenars Hetty Combs. Je sil’n der mar hang’n met je portret…..

Taal is ek Kultuer, dat jo de taal fan jo hert sprekke kinne, oeral wêr’t jo komme, dat jo je net ferbrekke hoege. Us fraksje FNP is tige optein dat it besef dat dit wichtich is yn ús hiele gemeenteried en kolleezje goed libbet. Wy stribje nei in mearjierrige Kultuernota, wêr’t ambysje trochhinne sipelet.

Lêsten wie ik op Muzykskoalle “de Wâldsang”; der wie in útfiering fan hiele jonge percussionisten (op syn geef-Frysk). It jonkje fan myn neef sit op drumles (leuk foar de buorlju). Noh, wat in feest! Hoe jong de bern ek binne, wat in prachtige muzyk en wat in motivearjende dosint!

FNP set mei yn op goed muzykûnderwiis op de basisskoallen. Op kânsen foar bern fan âlden dy’t minder te besteegjen hawwe om dochs op les te kinnen. Neist sport tige wichtich foar de ûntwikling fan bern. Want allinnich giest hurder mar mei-inoar komst fierder, no?

Tinke jo dat jo, yn jo doarp yn Achtkarspelen, in prachtich idee hawwe op it mêd fan Kultuer? (It karbyt-sjitten moat wer efkes wachtsje, he?) In musical, in eksposysje, in ad-hoc museum, betink it mar. Sjoch op ‘e hiemside fan de gemeente, nim kontakt op, en diel jo idee. Der kin folle mear as jo tinke.

Graach oant sjen!

Wietske Poelman, FNP Achtkarspelen



Tags: