Mei fyzje op wei nei de takomst!

De belangrykste punten fan ús partij steane yn ús folder. De folsleine útlis fan al ús stânpunten steane yn it folsleine program.

De FNP set him as politike partij yn foar alle ynwenners fan ús moaie gemeente Achtkarspelen. De FNP is selsstannich en oars as oare partijen kin de FNP yn alle frijheid opkomme foar de belangen fan Achtkarspelen (de FNP is gjin filiaal fan Haachske partijen). De FNP is likegoed wol fertsjinwurdige yn De Haach troch gearwurking mei oare partijen yn de OPNL (Onafhankelijke Politiek Nederland), dy‘t in sit yn de Earste Keamer hat. Fierder wurket de FNP yn de EFA (European Free Alliance) ek gear mei oare regionale partijen yn Europa. Foarop stiet lykwols, dat de FNP útgiet fan de eigen krêft fan Fryslân en Achtkarspelen.

Achtkarspelen hat yn Fryslân in bysûndere posysje en is ‘oars as oars’ mei in eigen identiteit, taal, kultuer, tradysje en Wâldlânskip.

Mei minder as in eigen bestjoerlik hûs kin it dêrom net ta. De trend yn Fryslân en Nederlân is krekt de oare kant út.

Grutter, anonimer en ôfstanliker. De skaalfergrutting yn it iepenbier bestjoer, mar ek by de rjochtspraak, it ûnderwiis, de soarch en by de brânwacht en de polysje, soargje der foar dat dizze foarm fan bestjoeren net mear past by de mienskip, mar der krekt fan ferfrjemdet.

Wat wy de kommende 4 jier berikke wolle en wêr wy as FNP Achtkarspelen foar steane, kinne jo lêze yn ús partijprogram 2022-2026

“Thús yn Achtkarspelen”, partijprogramma 2022-2026

Lyts_program_FYDownloaden