15 May 2023

Voedselbank Achtkarspelen is drok dwaande mei in transysje, in oare oanpak mear rjochte op it ferlet fan de minsken. De fraksje fan FNP Achtkarspelen kaam ôfrûne wike del om te ynformearjen hoe’t de stân fan saken is.

Foarsitter Voedselbank Achtkarspelen Engbert van Esch koe fertelle dat der op dit stuit 70 gesinnen yn Achtkarspelen gebrûk meitsje fan de Voedselbank. Dat betsjut sa’n 200 minsken yn totaal, ynklusyf de bern. Dat rint aardich gelyk mei it lânlik gemiddelde. En dat is wat nuver want Achtkarspelen stiet yn de top-5 fan gemeenten mei de leechste ynkommens. It kin hiel goed wêze dat der noch in soad minsken binne dy’t wól rjocht op in pakket hawwe mar dit noch net oanfrege hawwe.

Om mear bekendheid te krijen sil de Voedselbank Achtkarspelen mei harren bestjoer ûnder oare mear op Sosjal Media ferskine. It bestjoer bestiet út 7 minsken en der binne 51 frijwilligers.

De FNP’ers binne hjir tige optein oer, frijwilligers binne de steunpilaren fan ús mienskip. Om de Voedselbank te stypjen hat de FNP Achtkarspelen in donaasje dien fan €250. De Voedselbank brûkt dit wer foar ynkeap fan guod.



Tags: