20 January 2024

Saterdei 6 jannewaris 2024 yn Burgum de tradisjonele nijjiersgearkomste fan de FNP.

Mei in grutte opkomst fan ús leden yn tige slagge middei mei muzyk fan Wâldsjonger Marcel Smit.

🚲De sulveren fyts waard útrikt oan Klaas Broos.

De sulveren fyts is foar dyjinge dy ‘t in grut foarbyld is foar oaren, as it giet om it brûken fan ‘e fyts.

Broos fytst alle dagen troch Fryslân en Grinslân, 100 km de kear op in gewoane âlderwetske fyts.

🐑Derneist is ek de miljeupriis 2024 útrikt.

Dit jier gong de priis nei Martin en Elsa Reitsma, harren skiep soargje foar in soad grien ûnderhâld yn tal fan gemeenten.



Tags: